Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ085102

Een sage (mondeling), maandag 21 juni 1971

Hoofdtekst

Alde Taeke van der Meer fan Houtigehage wie tige sterk.
Der wienen ris seis man - allegear fan 'e Houtigehage - mei de spoarlijn oan 't wurk fan Zoutkamp nei Winsum ta.
Sa't ik sei, Taeke wie o sa sterk, mar sa't dat mei sterke lju wol mear it gefal is, hy wie hwat oan 'e trage kant.
De útfoerder wie gleon-hastich en skelde oeral op om.
Op in kear doe wie dat ploechje fan seis man by elkoar, doe sei Taeke: "Blikslagger, ik mat even pisje."
"Blikslagger," seinen de oare mannen, "dêr komt de útfoerder ek oan." (Se wienen allegear bang foar dy man). Doe pakten dy fiif man meielkoar in stik rail en gongen dêr mei fuort.
Taeke dy 't him oan tiid mei pisjen. Doe sei de útfierder tsjin him: "Hoor jij daar niet bij?" En hy wiisde op de fiif oare mannen.
"Ja mynhear," sei Taeke, "zal ik dan maar een van de lichtsten nemen?" (dy stikken rail wienen allegear like swier). Doe nom hy sa'n rail en tilde him allinne fuort, mei 't greatste gemak. Even letter kommen de oare fiif werom. Doe sei de útfierder tsjin har: "O jonges, jonges, jimme matte oppasse en krij gjin spul mei dy man. Dy forskuort en forslacht alles!"
Dy útfierder wie sa bang foar him, dat hy sei dy jouns: "Dit is dyn lêste dei. Dû krijst dyn ûntslach."


Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een man was zo sterk dat hij in zijn eentje een stuk tramrails kon dragen, wat de anderen met vijf man deden. Toen de uitvoerder dit zag, werd hij zo bang van de man, dat hij hem ontslagen heeft. Hij was te bang om ruzie te krijgen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 851, verhaal 2

Commentaar

21 juni 1971
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Taeke van der Meer    Taeke van der Meer   

Naam Locatie in Tekst

Houtigehage    Houtigehage   

Zoutkamp    Zoutkamp   

Winsum    Winsum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21