Hoofdtekst
It gebeurde op in kear doe stie skoanheit foar 't sydgleske fan syn hûs yn 'e Smoarhoeke, by de Pauloane. It wie krekt as droomde er. Hy seach dúdlik in lykstaesje foar it hûs lâns gean, mar it nuvere wie, der roan in wyt hynder foar de lykwein. Dat wie noait it gebrûk.
It duorre in setsje, doe stoar syn buorman. Der wie doe krekt net in swart hynder to bisetten, dat doe helle Jelke van der Valle mei in wyt hynder it lyk op.
"Sjochst nou wol," sei skoanheit tsjin skoanmem, "dat ik gelyk krigen ha?" (Hwant skoanmem hie sein: Dat silst dy wol ynbylde ha, soks gebeurt ommers noait)

Onderwerp
SINSAG 0482 - Das weisse Pferd vor dem Leichenwagen gesehen
  
Beschrijving
Een man zag eens een lijkstoet met een wit paard voorbij komen. Dat was niet gebruikelijk. Toen niet veel later zijn buurman stierf, was er nergens een zwart paard te vinden, en moest er wel een wit paard gebruikt worden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 852, verhaal 1
Commentaar
17 juni 1971
Das weisse Pferd vor dem Leichenwagen gesehen
Naam Overig in Tekst
Jelke van der Valle   
Naam Locatie in Tekst
Smoarhoeke   
Pauloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21