Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ085306

Een sage (mondeling), donderdag 24 juni 1971

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy woarde de nachts helle by in âld-minske. It wie in hiel ein rinnen. 't Wie alhiel fan Bomkleaster nei Readskuorre ta.
Dêr to Readskuorre stie in boereplaets en dêr tichteby in arbeiderswente en dêr wenne dat âlde minske yn.
Dat âld-minske wie siik. Sy gong altyd fan 'e kelder yn 'e gong en fan 'e gong yn 'e kelder. Der sieten reade fiouwerkante stiennen yn 'e kelder en de trap wie dêr ek fan makke. Sy gong altyd by de trap del yn 'e kelder, in hiele dei troch, en fan 'e kelder by de trap op nei de gong, en dan mar wer. De stiennen woarden sa bot útroan, dat der bleau op 't lêst hast neat mear fan oer.
't Wie in fremd minske om to sjen. Sy hie ôfgryslik lang hier.
Doe krige de doomny op in joun let boadskip, sy woe graech dat hy noch even kom. De húshâldster en ek oare minsken warskôgen de doomny en seinen, hy moest dêr sa let net mear hinne. Dat wie fiersto gefaerlik.
Mar doomny steurde him dêr net oan, hy gong op stap.
Doe wienen der in man of trije, dy hienen 't op him forsjoen. Dy woenen him forsûpe yn 'e sleat, hwant hy moest oer in houtsje hinne.
Hja sieten ûnder in houtsje, dêr't doomny oerhinne moest.
As hy der oan ta is, sille se him by de fuotten pakke en him yn 'e sleat wippe en sa forsûpe litte.
Mar doe woarden se hiel bot kjel, hwant doe wie dêr in wite keardel foar en in wite keardel achter doomny.
Hij werd door engelen bewaakt.
De ingels pasten op him dat se him net yn 'e sleat krije koenen. Dy wienen troch God stjûrd.
Sels wist hy dêr neat fan.


Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Er was eens een oud, ziek vrouwtje dat de hele dag naar de kelder op en neer liep. Op een avond riep ze de dominee bij zich. De mensen waarschuwden hem niet te gaan, dat het te gevaarlijk was zo in het donker, maar daar trok de dominee zich niets van aan. Onder een bruggetje wachtten drie mannen de dominee op, ze wilden hem verdrinken. Maar toen de dominee over de brug liep, liepen er voor en achter hem een witte kerel. Dit waren engelen, die de dominee beschermden. De dominee had het helemaal niet doorgehad.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 853, verhaal 6

Commentaar

24 juni 1971
De engelenwacht

Naam Overig in Tekst

Bomklooster    Bomklooster   

Readskuorre    Readskuorre   

Naam Locatie in Tekst

Bomkleaster    Bomkleaster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21