Hoofdtekst
In doomny en in âlderling moesten ris in kear op hûsbisyk. Sy moesten in hiele minne reed del. 't Wie allegear wiet en brabzich. Doe stie dêr in wriuwpeal fan 'e beesten yn 't lân.
Doomny docht de hoed ôf en groetet de peal.
"Hwat docht doomny nou?" seit de âlderling.
"Dat is mijn broeder," seit doomny, "mijn collega."
Doe moesten se noch troch allegearre hekken, dy moesten iepen en ticht.
"Ik kin der wol oerhinne springe", sei doomny.
Hy soe der oer hinne en dat slagge him ek, mar doe hied er it krús út 'e broek, en ek út 'e ûnderbroek.
Op 't lêst wienen se op 't plak, dêr't se wêze moesten. Dêr hienen se de moarns krekt in baerch slachte.
It wie altyd de gewoante, dat as de slachter yn 'e hûs kom to kofjedrinken, dan krige er earst in buorrel en dan hwat kofje.
En dan nom er de terms mei yn 'e hûs. Dy skrabbe er ôf. Hwant dêr sit altyd noch fet oan.
In skoftsje letter kommen doomny en de âlderling der yn.
De frou sei: "Is doomny ek wiet om 'e fuotten?"
"Ja," sei doomny, "wy binne de smarge reed del kom."
Doe krige de frou de tange, helle in koaltsje út 'e kachel en die dat yn 'e têst. Doomny krige in waerme stove.
Doe helle se ek in koaltsje foar de âlderling út 'e kachel.
Dan sjocht se by de doomny de sturt hingjen. Hja tinkt, dat is in stikje term, dat de slachter lizze litten hat. Hja hat de tange noch yn 'e hân. Dy tange is gleonhyt fan 'e koaltsjes fjûr. Dêr docht se in raem mei nei de term.
Doomny seit: Hi-hi-hi en springt oerein fan 'e pine.
Doe fornaem se dat se hiel hwat oars yn 'e tange hie as se tochte.

Beschrijving
Een dominee scheurde onderweg naar een boerderij zijn broek en onderbroek. Op de boerderij was zojuist een varken geslacht. De boerin gaf de dominee een warme stoof, toen ze bij de dominee de staart zag hangen. Met het hete ijzer, waar ze kolen mee in de stoof had gedaan, wilde ze het restje varken weghalen. Pas toen de dominee het uitschreeuwde van de pijn, had ze door wat ze met de tang had beetgepakt.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 853, verhaal 7
Commentaar
24 juni 1971
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21