Hoofdtekst
Der wie in doomny by in frou op bisite.
De doarren fan 't bêdsté stienen iepen. De doomny seach biweging ûnder 'e tekkens.
Doe sei er tsjin 'e frou: "Ha jo in lytsen miskien?"
"Ja," sei se, "trije."
Dêr harke de doomny nuver fan op. Hy dronk in pantsjefol kofje op, dat de frou him ynskonk. It smakke him goed.
"En hoe giet it mei de trije poppen?" frege er.
"Sa bêst," sei de frou, "mat doomny mar ris sjen hoe't se drinke wolle."
En doe nom se 't kûmke, dêr't doomny kofje yn hawn hie foar him wei en die dêr hwat molke yn.
"Kuos, kuos, kuos -" sei se, en dêr lieten har trije biggen by 't bêd delrûgelje, earst op 'e stoel en doe op 'e flier en se setten fuort op doomny syn kofjekûmke ta.
Se hienen it yn in omsjoch leech. Doe sette de frou it kûmke wer op 'e tafel en frege doomny of er noch in bakje kofje ha woe.
Mar doomny bitanke.

Beschrijving
De dominee dronk bij een vrouw koffie. Hij zag in bed iets bewegen en vroeg of ze een kleintje had. Ze zei dat ze er wel drie had. Ze riep 'kos, kos, kos' en toen kwamen er drie biggetjes uit het bed. Ze liet ze drinken uit het melkkannetje op de tafel. Toen ze daarna de dominee vroeg of hij nog een kopje koffie lustten, heeft hij daarvoor bedankt.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 860, verhaal 6
Commentaar
31 juni 1971
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21