Hoofdtekst
Dyselde Piters Willemke wie ris in kear slim siik. Sy wie dea-min. Der wie in buorman dy wekke altyd by har, hwant de minsken tochten dat it sa fier mei har wie dat se elk momint stjerre koe.
Dy man hie op in nacht wer by har wekke. 't Wie sahwat fiif ûre yn 'e moarn, doe soed er nei hûs ta. Willemke wenne in eintsje fan 'e wei ôf. Doe't er by de daem kom by de wei, sprong der him samar ynienen ien op 'e nekke. In froulike gedaente. Hwa wie 't? Net ien oars as Piters Willemke, dy't sa min wie. 't Wie wier Willemke. Doe woe hy dêr fansels net wer hinne to wekjen. Hja woarde al gau wer better.
't Wie in echte tsjoenster.

Onderwerp
SINSAG 0252 - Plagegeist lässt sich tragen   
Beschrijving
Een man was die nacht wezen waken bij zijn doodzieke buurvrouw. Op de terugweg werd hij opeens op zijn nek gesprongen door dezelfde vrouw. Het was een heks. Hij is nooit meer bij haar gaan waken, en al vrij snel erna is ze beter geworden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 865, verhaal 4
Commentaar
24 juli 1971
Plagegeist lässt sich tragen
Naam Overig in Tekst
Piters Willemke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21