Hoofdtekst
Myn frou hie in winkeltsje yn 'e Westerein. Skean foar ús oer wenne in âlde frou. Dy hie in dochter, dy wenne fierderop, dy hie hwat buorkerije. Dêr krige se wolris skjipmolke fan. Dat fortelde se myn frou doe't se by ús yn 'e winkel wie.
"Jonge," sei myn frou, "dan kinne jo lekker kofjedrinke."
"Ja," sei se, "dat is ek sa. Wolle jo ek wolris hwat ha?"
Myn frou hie 't net rjocht op har stean omt se foar in tsjoenster troch gong. Mar sy sei: "Goed, bring my mar ris hwat."
Doe kom se der op in dei oan mei in mosterpotsje, dat se biwuolle hie yn har blauwollene skelk. Dêr siet de skjipmolke yn. Doe sei se: "Sjoch, hwat skjipmolke foar jo."
Doe't myn frou it seach, hie se der fuort hwat in griis fan. Né, tocht se, fan in tsjoenster wol ik gjin skjipmolke brûke. Mar sy nom it oan en 't minske gong wer fuort.
Ik soe penningmeester fan 'e fabryksarbeidersboun wurde en wy forwachten dy jouns de penningmeester fan Ljouwert. Dy soe by my komme om my hwat paedwiis to meitsjen.
Wy soenen mar thé ha, wie 't doel. En doe tocht myn frou: as ik him der in pear drippen skjipmolke yn doch, dat fynt er faeks wol lekker.
Mar dy man kom dy jouns net. Hy wie bihindere. Dat doe dronken wy sels hwat thé en myn frou die foar de aerdichheit in bytsje fan dy skjipmolke yn 'e thé. Ik woe der gjin molke yn ha.
Myn frou joech it oare oan 'e kat.
Wy rekken dy jouns op bêd. Yn 'e nacht krige myn frou pine. In freesliken pine. Sy raesde it út.
Ik sei: "Dat hat dat minske dien."
Myn frou sei: "Fan sa'n bytsje molke?" Mar hja raesde sa bot dat ús famke woarde der wekker fan.
Op 't lêst, doe bikom it wer hwat.
Mar de oare deis wie ús kat fuort. 't Wie sa'n moaije trijekleurige kat. Hy hie noch noait fuort west. Hy hie al dy skjipmolke opdronken. De oare deis wie der noch fuort en de trêdde deis ek. Wy tochten: dy sjogge wy net wer. Mar de fjirde deis kom er werom. Hy hie 't brûs op 'e bek stean, sa stie er by my yn 'e winkel. En hy die sa fremd. Trije dagen doarst er net by ús yn 'e keamer komme. It wie sa dúdlik as hwat: dat kom allegear fan dy skjipmolke.
In dei of hwat letter kom it âld wiif wer by myn frou yn 'e winkel. "Sjoch," sei myn frou, "jou mosterpotsje." Hja hie 't skjinmakke.
't Ald minske hat boe noch ba sein. Hja hie fansels forwachte dat wy dea-siik wêze soenen.

Beschrijving
Een vrouw kreeg eens wat schapenmelk van een buurvrouw die als heks bekend stond. De vrouw deed 's avonds een heel klein beetje in de thee, maar werd 's nachts vreselijk ziek. De kat had de rest van de melk opgedronken. Die is die nacht weggelopen, en kwam pas na drie dagen terug, met het schuim op haar bek.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 865, verhaal 11
Commentaar
24 juli 1971
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21