Hoofdtekst
De fûgels woenen in koaning kieze. Dy't it heechste fleane koe soe koaning wurde.
De adelaer wie de greatste en de sterkste fûgel. Sy tochten allegear dat dy it wurde soe.
Mar doe gong der in lyts fûgeltsje achter by de adelaer op 'e nekke sitten. Dêr koe de adelaer noait mei syn snaffel by him komme, dat hy moest it gewurde litte. Hie dat fûgeltsje midden by him op 'e bealch sitten, dan hied er him krije kind.
Doe sweefde dy adelaer hiel heech de loft yn. 't Allerheechste fan al de fûgels.
Mar 't lytse fûgeltsje gong noch heger. Hwant doe't de adelaer net heger koe spraette it syn wjokjes út en fleach noch in eintsje heger as de adelaer en doe rôp it: "Koaning bin ik!"
Elkenien moest tajaen dat hy 't heechste west hie.
En doe krige er de namme fan winterkoaning.

Onderwerp
AT 0221 - The Election of Bird-king   
ATU 0221 - The Election of King of Birds.   
Beschrijving
De vogels wilden een koning kiezen. De adelaar vloog het hoogst. Maar op het moment dat hij niet hoger meer kon, vloog er een klein vogeltje van zijn rug. Die riep: "Koning ben ik!", en toen kreeg hij de naam van winterkoning.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 868, verhaal 1
Commentaar
7 juli 1971
The Election of Bird-king
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21