Hoofdtekst
Us kat foel al ris in kear yn 'e petroalje. Dat seach der raer út. Hy hie ek nochal hwat petroalje yn krige. Mar wy ha him wer genezen.
Doe't ús buorman dat hearde, sei er: "By ús gong it noch hiel oars. Us kat hat ris in hiel steal bensine opdronken."
"Hoe gong dat dan?" seinen wy.
"De kat kom by ús yn 'e keamer en hy die 't wol sa raer: fleane en drave, hy stie net in ogenblik stil. Hy fleach yn 'e gerdinen op en der wer by del, en tsjin 'e muorre fleach er op. Dat gong mar oan ien tried wei. - Mar doe ynienen foel er mei in plof del.
"Dea fansels", seinen wy.
"Né," sei er, "de bensine wie op."

Beschrijving
Een man beweerde eens dat zijn kat benzine op had. Hij vloog in de gordijnen, liep tegen de muren op en ging maar door. Tot hij ineens neerviel. Niet dood, maar de benzine was op.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 870, verhaal 5
Commentaar
23 juli 1971
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21