Hoofdtekst
Dêr wenne ergens in dokter, dy koe ôfgryslik lige. Omdat de minsken him net leauwe woenen tocht er, ik mat sjen dat ik in túnman krij dy't èk aerdich lige kin. De minsken leauwe 't altyd earder as twa itselde sizze.
Hy hie ien op 't eech, dy hiet fan Jan.
Hy sei tsjin Jan: "Kinst wol lige?"
Jan sei: "Ik haw in ôfgrysliken hekel oan ligen, mar ik bin wol fan miening dat men de saek net om in leagentsje bidearre mat."
Doe't de dokter hearde dat Jan der sa oer tochte, sei er: "Dû bist myn man." Doe kom Jan by him as túnman.
Op in moarn, doe sieten der allegear pasjinten by de dokter yn 'e wachtkeamer. Doe sei de dokter: "Och, hwat wie 't fannacht in spul, net?"
"Hoe nou?" frege ien.
"De hiele Sudersé stie yn 'e brân. 't Wie allegearre fjûr", sei de dokter.
"Dat kin net, dat bistiet net", seinen de lju yn 'e wachtkeamer. Net ien fan 'e pasjinten leaude der hwat fan.
"Nou," sei de dokter, "dan sil 'k myn túnman ris freegje."
"Jan!" rôp er, "kom hjir ris."
Dêr wie Jan al.
"Jan, hastû net sjoen dat fannacht de hiele Sudersé yn 'e brân stie?"
"Nou," sei Jan, "ik ha 't net sjoen, mar ik wyt wol dat it fan 'e moarn allegear brette fisk wie."
In oare kear fortelde de dokter dat der hie de foarige deis sa'n greate fûgel boppe Amsterdam west, dat it hie dêr fjouwer ûren lang hartstikke nacht west yn 'e stêd. En dat midden op 'e dei.
Dat woenen de pasjinten fansels wer net leauwe. Sa'n greate fûgel bistie der net, seinen se. De iene seach de oare skodholjend oan.
Doe rôp de dokter Jan der wer by.
"Jan," sei er, "hastû net sjoen dat it juster roettsjuster wie yn Amsterdam?"
"Nou," sei Jan, "ik ha 't net sjoen, mar ik wyt wol, dat der in hiel great aei del kom is yn Amsterdam. Dat aei wie sa ûnbidige great, dat der binne fjouwer man yn 'e djirre forsûpt."

Beschrijving
Een dokter hield nogal van liegen, en besloot een tuinman te nemen die ook wel van een leugentje hield. Immers, als twee mensen hetzelfde zeiden, geloofde men dat eerder dan van een iemand. Zo zei hij eens dat die nacht de Zuiderzee in de brand had gestaan. De tuinman zei dat hij het niet gezien had, maar hij had wel allemaal gebraden vissen gezien. Een andere keer beweerde de dokter dat er boven Amsterdam zo'n grote vogel had gevlogen, dat het vier uur lang donker was geweest in de stad. De tuinman had de vogel niet gezien, maar wel dat hij zo'n groot ei gelegd had, dat er vier man in de dooier verdronken waren.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 870, verhaal 4
Commentaar
23 juli 1971
Naam Overig in Tekst
Sudersé   
Jan   
Naam Locatie in Tekst
Zuiderzee   
Amsterdam   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21