Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087007

Een sage (mondeling), vrijdag 23 juli 1971

Hoofdtekst

Der wienen in professor en in dokter, dy wienen togearre ûnderweis. Sy roannen neist inoar. Doe roan dêr foar har in man, dy roan hwat kwalik.
De dokter sei: "Sjoch, dy man hat fêst aembeijen."
"Sa tink ik der net oer", sei de professor. "My tinkt: dy man hat spatieren."
Sy hâldden beide har ein fêst, mar sy woenen graech wite hwa fan beiden 't nou eins by 't rjochte ein hie. Doe roannen se hwat hurder en sy hellen dy man yn. En sy fregen him of er spatieren hie of lêst fan 'e aembeijen.
"Ik mien dat jo aembeijen ha", sei de dokter.
"Ik mien dat jo spatieren ha", sei de professor.
Doe sei dy man: "Nou miene wy alle trije. Jo miene dat ik spatieren ha," sei er tsjin 'e professor, "jo miene dat ik aembeijen ha," sei er tsjin 'e dokter, "en ik mien, dat ik nyskes in poepke die, en nou ha 'k de hiele broek fol."


Beschrijving

Een professor en een dokter zagen een man voor hun nogal moeilijk lopen. De dokter beweerde dat de man aambeien had, de dokter dacht dat het door spataderen kwam. Ze vroegen het de man. Die zei dat hij zojuist zijn broek had volgepoept.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 870, verhaal 7

Commentaar

23 juli 1971

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21