Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087009

Een sage (mondeling), vrijdag 23 juli 1971

Hoofdtekst

Der wienen in mantsje en in wyfke, dy wienen dy deis fyftich jier troud. De beide âldtsjes wienen tige wiis mei elkoar.
't Mantsje sei dy deis tsjin 't wyfke: "Dû bist my mear as twatûzen goune wurdich, sa mâl bin 'k mei dy."
't Wyfke sei tsjin 't mantsje: "Dû bist my ek mear as twatûzen goune wurdich, hear."
De jouns soenen se nei bêd ta togearre. 't Gebit kom út 'e mûle wei, it wyfke nom de prûk ôf, it mantsje luts de sliepmûtse oer syn keale holle hinne.
Dêr stienen se mei har ynfallene mûlen en de megere skonken, en sy seagen elkoar oan. En doe sei it mantsje mei in holle mûle tsjin 't wyfke, dat ek in holle mûle hie: "Och, och, soest nou wol sizze, dat hjir foar mear as fjouwertûzen goune stiet?"


Beschrijving

Een echtpaar was 50 jaar getrouwd. De man zei tegen zijn vrouw dat ze hem wel meer dan 2000 gulden waard was. Zij zei precies hetzelfde. Toen ze die avond zonder pruik en zonder gebit tegenover elkaar stonden, zei de vrouw: "Zou je nu zeggen dat hier voor meer dan 4000 gulden staat?"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 870, verhaal 9

Commentaar

23 juli 1971

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21