Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087403

Een sage (mondeling), vrijdag 30 juli 1971

Hoofdtekst

Der wie ris in âld mantsje ûnderweis. It woarde al letter en op 't lêst wie 't al donker. Hy wie midden yn in bosk en hy seach dat er net mear thús komme koe foar de nacht.
Doe seach er in ljochtsje. Jonge, tocht er, lit ik dêr hinne gean. Hy gong der hinne en doe stie dêr in hûske. Dêr wenne in âld wyfke yn.
't Ald-wyfke wie sa bliid dat se ien seach, dat sy sei: "Kom der mar gau yn. Jo treffe 't èk noch, hwant ik bin krekt oan 't pankoekbakken."
Hja setten togearre oer de pankoeken gear en hja ieten der beide mei smaek fan. Se wienen sa lekker, dat se rekken allegear op, op ien nei. Net ien fan beiden doarst de lêste opite.
Doe woarde it dan bêdtiid. Elk kom yn in bêdsté to lizzen. Mar sy koenen gjin fan beiden sliepe, fral 't âld-mantsje net. Hy hie sa'n sin oan dy lêste pankoek! Hy tocht: as dat âld-minske aenst earst mar ris slept...
Doe wie 't in skoft stil en doe tocht it mantsje: Nou mat ik mar ris sjen of se al slept. Dan snap ik dy pankoek.
Hiel foarsichtich glûpte er mei de holle om 't hoekje fan 'e bêdstédoar. Mar hoe koe 't sa? It wyfke seach ek krekt.
Doe joech er him mar wer del, mar hy bleau wekker, hwant hy hie sin oan dy lêste pankoek. (Hwat hy nèt wiste, 't âld-wyfke hie sin oan him.)
Efkes letter loerde hy alris wer en tagelyk èk it wyfke. Dat gebeurde sa in kear of trije. It wyfke tocht: soed er hast komme?
Op 't lêst teach it mantsje de dryste skuon oan en hy sei: "Mei 't wol?"
"Jawol", sei se.
It mantsje sprong út bêd wei, snapte de pankoek en friet him op.


Onderwerp

VDK 1691C* - De verkeerde kans gegrepen: het eten i.p.v. de vrouw    VDK 1691C* - De verkeerde kans gegrepen: het eten i.p.v. de vrouw   

Beschrijving

Een man was verdwaald in het bos, maar kwam gelukkig bij het huisje van een oud vrouwtje terecht. Ze aten samen heerlijke pannenkoeken, en legden zich te slapen. Maar beiden konden niet slapen. De man had zo'n trek in de laatste overgebleven pannenkoek. Het vrouwtje had wel zin in hem. Toen hij dan ook vroeg of hij mocht, zei ze 'jawel'. De man sprong uit de bedstee en at de pannenkoek op.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 874, verhaal 3

Commentaar

30 juli 1971
De verkeerde kans gegrepen: het eten i.p.v. de vrouw

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21