Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087404

Een sprookje (mondeling), vrijdag 30 juli 1971

Hoofdtekst

Der wie in hiel tsjep fanke, men seach se hast noait sa moai.
Der wienen ek trije feinten, dy hienen alle trije smucht op har. Elk fan dy feinten woe dat fanke bislist ha.
Mar dat fanke hie hielendal gjin nocht oan dy feinten. Sy woe der graech ôf wêze, hwant sy hie der suver lêst fan.
Hoe koe hja se kwyt wurde! Doe bitocht se in list. Hja soe alle trije in opdracht jaen. Dy't de opdracht it bêste útfierde, dat soe har man wurde. Wie der net ien by dy't de opdracht folbrochte, dan naem se net ien fan 'e trije.
Dat liet se de hearen wite en doe neamde se de opdrachten.
De iene wist net fan 'e oare syn opdracht ôf.
De earste moest fiif minuten foar tolven yn 'e nacht yn 'e bientsjekou op it tsjerkhôf yn 'e deakiste lizzen gean.
Om tolve ûre moest de twadde op 'e kiste yn 'e bientsjekou op 'e fjouwer hoeken fan 't lid in grintstientsje mei de hammer fynslaen.
De trêdde moest om fiif oer tolven yn in wyt lekken it tsjerkhôf yn 't roun rinne.
Dy nachts, fiif foar tolven arrivearre de earste en dy gong yn 'e kiste lizzen.
De twadde kom fiif minuten letter. Dy tochte: - dêr stiet in lege kiste, hwat soe my dat al wêze - En doe sloech er mei de hammer op 't earste stientsje op 'e hoeke fan 'e kiste.
Mar doe tocht de earste, dy't yn 'e kiste lei: o wé, nou spikerje se de kiste ticht en dan kin ik der noait wer út komme. - Hy smiet it lid iepen en riisde oerein. Krekt kom dyselde mei in wyt lekken om - dat wie de trêdde - der oan rinnen.
Alle trije woarden se binaud foar elkoar, se krigen de deaskrik hast topakken, dat se naeiden út sa hurd as se koenen, elk in kant út.
It fanke hat gjin lêst wer fan dy trije feinten hawn.


Onderwerp

AT 0940 - The Haughty Girl    AT 0940 - The Haughty Girl   

ATU 0940 - The Three Suitors in the Cemetery    ATU 0940 - The Three Suitors in the Cemetery   

Beschrijving

Drie knechten vielen al een tijd een hele mooie meid lastig. Ze besloot ze alledrie een opdracht te geven en te trouwen met degene die het het beste volbracht. Ze wist het zo te regelen dat de drie elkaar vreselijk aan het schrikken brachten, en ze had nooit meer last van ze.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 874, verhaal 4

Commentaar

30 juli 1971
The Haughty Girl

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21