Hoofdtekst
Wy wennen yn 'e Harkema. Ik arbeide op 'e plaets fan Gosse van Dam op it Wytfean, en myn broer Sjirk wie dêr njonken arbeider, by Bouwe van der Meulen. Alle moarnen bitiid fytsten wy nei 't Wytfean ta, mar wy wienen hast noait by elkoar.
Op in moarn bitiid wie der ien foar my op. Dat gebeurde sahwat op it plak, dêr't nou de Fablo-fabryk stiet. Ik fytste om 't leven om 't yn to heljen, mar 't bleau foar my op.
Mei gjin mooglikheit koe 'k it ynhelje. It woarde ynienen wei yn 'e buert fan bakker de Boer. Dêr gong it troch in hage hinne. Letter seach ik it wer, ettelike moarnen oanien. Noait koe 'k it ynhelje en altyd woarde 't wei troch de hage oan 'e linker kant.
Myn âldste broer Sjirk hat krekt itselde bileefd. Op itselde plak gong it dêr troch de hage. Sjirk woe wite hwat it wie en hy ljochte mei de bûslantearne nei it plak dêr't it skynsel wei woarn wie. Mar der wie neat to sjen.
't Gebeurde ettelike kearen. It sweefde.
Ik woe it terrein ûndersykje, mar doe sei Sjirk: "Dat mastû net dwaen, jong. It kin wolris hwat wêze, dêr't ús egen net oer gean meije."
Letter is der op datselde plak, dêr't it skynsel wei woarde, in nij hûs kom to stean. Dêr wennet nou Kootstra yn.

Onderwerp
SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
  
Beschrijving
Twee broers zagen 's ochtends vroeg op de fiets wel eens iemand voor zich rijden, die bij de bakker door de haag ging. Maar ze konden diegene nooit inhalen, en altijd was hij opeens verdwenen. Ze dachten dat het een spook was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 876, verhaal 1
Commentaar
24 augustus 1971
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
Naam Overig in Tekst
Gosse van Dam   
Sjirk   
Bouwe van der Meulen   
de Boer   
Kootstra   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Wytfean   
Witteveen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21