Hoofdtekst
Ymke de Jong koe in minske fêstsette. Ik haw der ús heit wol oer heard. Soms wol in kertier lang. Sa'n minske koe dan net fan 't plak komme.
Hy koe de froulju trippelje litte. Dan wie 't noait liker of trippelen se yn 't wetter om.
Hy liet de froulju ek samar de rokken ôfsakje; dan stienen se yn 'e broek.
Hy krige in pakje kaerten en dy smiet er tsjin 'e muorre oan. Dy bleauwen dêr hingjen krekt as in moaije panne.
Heit hat mei Ymke de Jong ûnder tsjinst west. Se koenen neat mei him wurde; hy wie de hearen to slim ôf.
As se him yn 'e boeijens sloegen, dat joech neat. As de minsken dy't by him stienen, har omkearden, smiet hy de boeijens tsjin 'e doar oan.
Syn superieuren woenen wite hoe't er dat hie. Doe dienen se him boeijens om, dy wienen sawn kear forswiere. En doe stienen dy hoge omes dêr allegear omhinne. Doe seinen se: "Nou soenen wy wolris wite wolle hoestû dy boeijens ôfkrijste."
Doe sei Ymke: "Ja, mar dat doch ik net foar jim plesier, mar dat doch ik foar myn eigen plesier." Hy bleau sitten en die neat. Hy siet doe yn 'e cel.
Sadra't dy mannen ta de cel út wienen en de doar achter har ticht lutsen hienen, klapte hy de boeijens tsjin 'e doar oan.
Der wie net in doar sa fêst op slot of Ymke koe him los krije. Hy wie yn in wip altyd ta de cel út.
Hy hat it ek in kear hawn, doe sprong er yn 't wetter, yn 'e feart. Doe gong er plat op 't gat op 't wetter sitten - 't gebeurde ûnder tsjinst. Doe seinen syn superieuren: "Kom dêr wei!" Mar Ymke bearde dat er 't net hearde en bleau moai op 't wetter sitten. Op 't lêst ha se in pream ophelle en dêr ha se him der wer mei weihelle.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Ymke de Jong kon toveren. Hij kon mensen stijf laten staan, laten struikelen, hun kleren laten afzakken. Hij kon kaarten aan de muur laten hangen, en alle sloten en boeien open krijgen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 878, verhaal 15
Commentaar
1 september 1971
Andere Zauberei.
Naam Overig in Tekst
Ymke de Jong   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21