Hoofdtekst
Der wie in boer, dy hie in feint. Op in kear wienen se togearre yn 't lân.
Doe sei de boer: "Nou mast ris goddomme bigripe, nou ha 'k myn learzens forgetten." Doe sei er: "Dy mastû ophelje."
"Nou," sei de feint, "dan sil 'k dat dwaen. Ien of allebeide?"
"Och, bliksem, allebeide!" Hwat is dy feint dochs ûnnoazel", tocht de boer. Mar sa siet it net.
Doe't de feint op 'e plaets wie, sei er tsjin 'e boerinne: "Hwat ik sizze woe, nou hat de boer my hjir hinne stjûrd, ik moest mei jim beiden op bêd. Earst mei jo en dan mei de faem."
"Och," sei de boerinne, "hwat soestû my hjir wiismeitsje?"
Hy sei: "Ik sil 't jo biwize."
Hy die de doar iepen en doe rôp er wit hoe lûd mei de hannen om 'e mûle hinne: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, bliksem!" rôp de boer werom.
Doe moest de boerinne it wol leauwe en koe de feint syn gong gean.

Onderwerp
AT 1563 - "Both?"   
ATU 1563 - “Both?”   
Beschrijving
Een boer stuurde zijn knecht naar binnen om zijn laarzen op te halen. Tegen de boerin beweerde hij dat hij van de boer met haar en de meid moest slapen. Om dat te bewijzen riep hij naar de boer: "Een of allebei?" De boer antwoordde boos: "Allebei!" Toen kon de knecht zijn gang gaan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 879, verhaal 2
Motief
K1354.1 - ”Both?“   
Commentaar
28 juli 1971
"Both?"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21