Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ087901

Een sage (mondeling), woensdag 28 juli 1971

Hoofdtekst

teltsje:
Op in kear gong ik nei 't paviljoen fan 'e Leijen ta. Ik hie sin om to swemmen. Mar ik hie gjin swempak by my.
Froeger koenen jy dêr sa'n swembroekje hiere, mar sa wie 't nou net mear.
Doe't ik der kom wie der net ien by 't paviljoen. Ik tocht: nou doar ik wol neaken to swimmen.
Mar hwer moest ik mei myn klean hinne? Doe stie dêr in âlde sinaesapelkiste. Dêr treau ik myn bundeltsje klean yn.
Ik gong it wetter yn, mar doe't ik der wer út kom en my oanklaeije soe, siet dêr krekt in frommes op dy sinaesapelkiste.
Ik tochte: witst hwat? Noch mar even wer de Leijen yn. Ik de Leijen mar wer yn to swemmen. Doe't ik myn nocht hie gong 'k werom. Sit dat smoarge frommes noch steeds op dy kiste. Ik woe der út.
Ik klau sa om my hinne en ik tocht: hoe mat ik dit nou ha, en dêr trof ik in âlde stâlpanne.
Ik de âlde stâlpanne der foar.
Dat frommes hie 't boek op 'e skoat. Doe seach ik op it boek stean: Gedachtenlezen.
Ik sei: "Dei, dame."
Sy sei: "Dag, mijnheer."
Sy sei: "Binne jo oan 't swemmen?"
Ik sei: "Ik bin oan 't swemmen. Mar nou sitte jo op dy bak, dêr't ik myn klean yn ha."
"Soa," sei se, "sil ik jo ris hwat fortelle? Ik bin gedachtenlezer. Jo miene dat jo 'gedekt' binne, mar sa sit it net, hwant der is net in boaijem yn dy stâllepanne."


Beschrijving

Een man had eens genoeg van het zwemmen, maar er zat een vrouw op het kistje waaronder hij zijn kleren had verstopt. Hij hield een gevonden steelpan voor zich, maar de vrouw vertelde hem fijntjes dat er geen bodem meer in zat.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 879, verhaal 1

Commentaar

28 juli 1971

Naam Overig in Tekst

Leijen    Leijen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21