Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0881a01

Een sage (mondeling), maandag 20 september 1971

Hoofdtekst

Der wenne nêst jierren in skuonmakker yn Easterlittens. Hy en syn wyfke dat wienen twa bijierre minsken. Elke dei wie hy drok oan 't wurk om hakken en soallen ûnder 'e skuon to dwaen.
Se hienen in sober bistean, it kom krap om. Sa wìe 't froeger, hè? Mar de skuonmakker sei: "Ik ha altyd noch de hope dat wy 't iens better krije sille."
"Lit dy hope mar farre," sei 't wyfke dan, "wy sitte yn 'e earmoed en wy bliuwe yn 'e earmoed."
Doe op in moarntiid sieten se togearre by de thétafel. Doe sei de skuonmakker: "Ik ha fannacht in nuvere droom hawn."
"It sil hwat wêze," sei se, "dû mei dyn droom."
Mar hy bigong wer to skuonmeitsjen. Hy sette hakken en soallen ûnder 'e skuon.
De oare moarns ûnder 't thédrinken sei er: "Nou ha 'k fannacht wèr deselde droom hawn!" Doe fortelde er, hy hie droomd, dat der wie in frou by him kom mei in wite mûtse op, dy wie by de foardoar stean bleaun en dy hie sein: "Jo matte nei Amsterdam ta gean nei de Papebrêge. Dêr is jou gelok."
De skuonmakker sei tsjin syn wyfke: "Dêr wol 'k hinne en dan wol 'k reizgje mei de nachtboat fan 'e Lemmer."
Sy wienen wol earm, mar der leinen noch wol safolle sinten yn 't kammenet om mei de nachtboat nei Amsterdam ta.
Doe't er yn Amsterdam oanlânne, doe frege er dizze en jinge hwer't de Papebrêge wie.
Op 't lêst wied er toplak. It drokke forkear gong dêr hinne en wer en der wie net ien ûnder al dy minsken dy't him oan him steurde.
Doe sei er: "Ik woe, dat ik hjir net yn Amsterdam kom wie."
Hy slepte dy nacht yn in loazjemint en de oare moarns gong er wer nei de Pape-brêge ta, en dêr wie alles wer krekt itselde. Der wie in drok forkear, it gong almar hinne en wer en der wie net in minske dat him oan him steurde.
Hy tocht: Joun gean 'k mar wer op hûs yn. Hy wie hwat mismoedich. Der gebeurde neat.
Doe kom der op 'e neidei in âld man oan mei gatten yn 'e hoazzen en in sek op 'e rêch. 't Wie in skoaijer. Hy kom skean oer de wei op him ta. Doe sei dy âld man tsjin 'e skuonmakker: "Binne jo hjir ûnbikend yn Amsterdam? Sykje jo hjir 't ien of oar?"
"Nou, né," sei de skuonmakker, "ik haw sa'n nuvere droom hawn."
Doe sei de âld-man: "Leauwe jo dan oan dromen?"
"Sjoch," sei er, "doe't ik foar in mennich jierren yn Easterlittens wenne, doe droomde ik, dêr stie in linebeam earne foar in hûs en dy linebeam moest ik der út grave, dêr wie myn gelok. Mar," sei er, "ik leau net oan dromen. Kom," sei er doe, "ik mat ek wer fuort."
Dyselde jouns fart de skuonmakker wer yn 'e nachtboat nei de Lemmer ta.
Doe't er thúskom by syn frou sei dy: "Wel, hoe hat dyn reis west? Hat it hwat opsmiten?"
"Né," sei er, "niks wurdich wie 't."
"Ik hie 't wol tocht," sei se, "hiest better thús bliuwe kind. Der kommen guon mei skuon dy't noadich makke wurde moesten en dû sietst dêr yn Amsterdam by de Papebrêge."
De oare moarns bigjint de man wer to skuonmeitsjen. Mar op 'e neidei seit er: "Ik wol dy linebeam der út ha."
"Och, och," seit it wyfke, "dy moaije, libbene linebeam der út? Ik brûk him altyd as linepeal."
"It kin wol in linepeal bliuwe", seit de skuonmakker.
Hy saget him by de stobbe om't ôf en graeft dan de stobbe út. Doe die er de tokke der ôf en doe dolde er yn 'e groun. Doe kom dêr in moaije izeren tsjettel foar 't ljocht.
Hy set de stamme fan 'e linebeam wer yn 'e groun. Dan hâldt syn frou in peal dêr't de line oan fêst kin.
De buorlju sizze: "Hwerom slacht dy man de linebeam om?"
De skuonmakker seit: "It wurdt my oars to tsjuster yn 'e hûs."
De tsjettel sit fol modder, as er út 'e groun komt.
Doe spielde er de tsjettel by de pomp ôf. De modder woarde der út dien, en doe't er hielendal skjin wie, sei er tsjin 't wyfke: "Astû nou dy tsjettel trije kear omspielste mei siedend wetter, dan kinne wy him wol ha foar húshâldelik gebrûk."
Doe brûkten se dy tsjettel. 't Wie in moaije tsjettel. Der stie ek hwat op, mar dat koenen se net bistaverje.
"'t Is in moaije tsjettel", sei de skuonmakker.
"Ja," sei 't wyfke, "mar hy kin it evenwicht noch net hâlde foar dat jo dêrfoar nei Amsterdam west ha, nei de Papebrêge."
De beide âlde ljutsjes gongen wolris nei tsjerke ta en 't gebeurde sadwaende wolris dat der in doomny by har op bisite kom.
Dat gebeurde ek ris wer op in middei.
Syn eech foel op 'e izeren tsjettel, dy't oer 't fjûr hong.
"Jonge," sei er, "hwat ha jim dêr in moaije tsjettel. Hwer ha jim dy wei?"
"Dy ha 'k op 'e Brol kocht", sei de skuonmakker (de Brol was een pleintje in Leeuwarden, waar vroeger markt gehouden werd).
"Dêr't jo dizze tsjettel wei ha," sei doomny, "dêr is nòch in tsjettel, dy is nòch better. Dat stiet der op to lêzen."
Doomny bleau noch in skoftsje sitten, doe sei er op 't lêst: "Kom, ik mat mar wer fuort."
Doe't doomny fuort wie, sei de skuonmakker tsjin syn frou: "Ik wol de beam der nochris wer út ha."
Deselde middeis giet er wer nei de beam ta. Hy graeft him der út en dêr fynt er in tsjettel, dy sit fol jild. Hy sei: "Ik hie altyd al in hope."
Doe wie er ryk mar hy liet it net skine.
It hûs dêr't se yn wennen, moest er hiere. Op in dei gong er nei de eigner ta en hy sei, hy woe dat hûs wol keapje. Dan hoefde er gjin hier mear to biteljen.
"Dat wurdt neat wol?" sei de eigner, hwant dy tocht dat de skuonmakker in hiel earm mantsje wie.
"Och," sei er tsjin 'e eigner. "as jo it goed fine dat ik it yn gedielten bitelje, rêd ik it wol op."
"Nou," sei de eigner, "jo kinne 't wol krije."
Hy keapet it hûs en bitellet it yn gedielten.
Doe sei er tsjin syn frou: "it âlde hûsrie, de rommel dy't wy der yn stean ha, is neat wurdich. Wytste hwat? Ik wol allegear nij hûsrie ha."
Doe seinen de minsken dy't der omhinne wennen: "Hwat ha dy âlde minsken it yn oarder."
"Ja," seinen guon, "dat is neat gjin wonder, it binne altyd oppassende minsken west. Dy ha in moai stuorke oergarre."
Doe sei de skuonmakker tsjin syn frou: "Nou ha wy in eigen hûs en nij hûsrie, hwat ha wy nou dochs in moaije âlde dei."
En sa wie 't ek.
De woning staat er nog heden ten dage.
Als ge bij toeval in Oosterlittens komt,
dan kunt ge de woning in ogenschouw nemen.
En de plaats waar de boom heeft gestaan is een
kenteken bij aangebracht, waar het geld is vandaangehaald.

Onderwerp

AT 1645 - The Treasure at Home    AT 1645 - The Treasure at Home   

ATU 1645 - The Treasure at Home.    ATU 1645 - The Treasure at Home.   

SINAT 1645 - Der Traum vom Schatz    SINAT 1645 - Der Traum vom Schatz   

Beschrijving

Een schoenmaker uit Oosterlittens droomde eens meerdere keren dat iemand tegen hem zei dat hij naar de Papebrug in Amsterdam moest gaan, daar zou hij dan zijn geluk vinden. Dat deed de man, maar hij vond er niets of niemand. Maar de dag erop werd hij op de brug aangesproken door een zwerver. Hij vertelde over zijn droom. De zwerver zei dat hij niet in dromen geloofde. Hij had namelijk meerdere keren gedroomd dat hij in Oosterlittens, onder een lindeboom zijn geluk zou vinden. Thuisgekomen vindt de schoenmaker onder zijn lindeboom een ketel. Deze ketel maken ze schoon en ze gebruiken hem. Als de dominee eens op bezoek komt, vertelt hij dat er op de ketel staat dat waar de ketel vandaan komt, nog een betere ketel is. De man zoekt nog eens onder de lindeboom en vindt een ketel met geld gevuld. Zo hadden de mensen toch nog een goede, oude dag.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 881a, verhaal 1

Commentaar

20 september 1971
The Treasure at Home

Naam Overig in Tekst

Oosterlittens    Oosterlittens   

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Lemmer    Lemmer   

Easterlittens    Easterlittens   

Papebrêge    Papebrêge   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21