Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0881a05

Een sprookje (mondeling), maandag 20 september 1971

Hoofdtekst

Der wie ris in man, dy fornom dat der guon minsken wienen, dy't in freze hienen. Hy wist net hwat dat wie. Mar it like him moai ta om dat to witen to kommen.
Doe sei er: "Ik wol reizgje om it frezen to learen."
Hy nom syn soantsje mei. Underweis slepten se by boeren yn 'e skuorre.
Op in joun moesten se wer ûnderdak ha. Doe stie dêr in moai hûs.
Doe sei dy man tsjin syn soantsje: "Sille wy hjir ris freegje of wy hjir fannacht sliepe meije?"
Doe skellen se oan en de frou soe nei de doar ta. Mar mynhear sei: "Ik sil sels wol nei de doar ta."
Doe frege dy man of hy dêr mei syn soantsje sliepe mocht.
"Nou, né -," seit mynhear, "mar ik ha dêr in prachtich moaije villa stean mei sawn keamers. Dêr is fan allerhande iten en drinken yn, hwat jo mar ha wolle. En dêr binne bêdden en dêr is forwaerming yn. Dat, as jo dêr sliepe wolle -. Mar, dit mat ik der by sizze, it spûket dêr."
Doe seit dy man tsjin 'e mynhear: "Dan mat ik dêr krekt wêze, hwant ik reizgje om bifreesd to wurden."
Hy komt dêr mei syn jonkje yn 't paleis en it fjûr wie oan. 't Wie dêr lekker waerm yn 'e keamer. Sy brûkten froeger baelders (= baggelaars).
Doe't se dêr in skoftsje sitten hienen, woarden der samar baelders fan boven smiten. Mar der wie net in minske to sjen.
Doe sei de man: "Genoeg, hoor!"
Doe hâldde it op mei de smiterij.
Doe kommen der twa man yn mei in deakiste. Dy setten se tusken him en syn soantsje yn.
Doe seit er: "Ik wol ek ris wite, hwat der yn dy kiste sit."
Hy die 't lid omheech. Doe lei dêr in grize âld-man yn.
Doe seit er: "Wat is die stakker koud."
Doe tilde er him út 'e kiste en sette him by 't fjûr, om him to waermjen.
Even letter bitaestte hy him en hy sei: "Hij wil ook niet warm worden." Doe lei er him wer yn 'e kiste.
Doe sei er tsjin syn soantsje: "Wy wolle ek ris fierder yn dit gebou om ús hinne sjen."
Der wienen sawn keamers yn. Earst kommen se yn guon, dêr wie neat. Op 't lêst kommen se yn in keamer, dêr wienen sawn man yn oan 't kegeljen.
Doe frege ien fan 'e mannen him of er ek mei kegelje woe.
"Jawol", sei er. Hy woun it nou en dan, mar dêr kom gjin jild op 'e tafel.
Doe sei er tsjin 'e fornaemste fan dy sawn hearen, hy woe hwat jild ha.
Doe giet ien fan dy hearen út it gelid en dy komt op him ta en dy seit: "Yn dit gebou sit in hiel great bidrach oan jild. In part dêrfan mat de tsjerke ha, in oar part is foar de earme minsken en it oare meije jo ha. Is jo dat genôch?"
"Jawol", sei de man, hwant dat wie in hiele protte jild.
Fordwoun wienen de sawn mannen.
De man giet mei syn soantsje wer nei de earste keamer. Sy ite hwat en dan sliepe se oant it de oare moarns bigjint to daegjen.
Doe seit er tsjin syn soantsje: "Wy wolle even nei dy mynhear ta."
"Wel," seit mynhear, "hoe is 't gong?"
"Nou," seit de man, "sa en sa ha 'k it hawn."
"Nou," seit de mynhear, "dan kinne jo it gebou wol forgees fan my krije. Jo hoeve der neat foar to jaen."
"Dat treft," sei de man, "ik haw in greate húshâlding, dat ik kin wol hwat romte brûke."
Sa kom dy man dus dy't it freezjen leare woe moai yn 't bisit fan in great hûs en in hiele protte jild.



Onderwerp

AT 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is    AT 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is   

ATU 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is.    ATU 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is.   

Beschrijving

Een man wilde weten wat vrees was, en ging met zijn zoontje op stap. Toen hij iemand om onderdak vroeg, mocht hij in diens grote villa overnachten. Maar in die villa spookte het. Maar ook van de spoken die die nacht verschenen, was de man niet bang. Daardoor verdiende hij een hoop geld, en hij mocht de villa ook houden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 881a, verhaal 5

Commentaar

20 september 1971
The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21