Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0881a04

Een mop (mondeling), maandag 20 september 1971

Hoofdtekst

Leffert wie in sterke man. Mar hy wie to lui om to arbeidzjen. Doe sei er: "Wat moet ik nu doen? Stelen mag ik niet en bedelen, daar schaam ik mij voor."
Hy nom it bislút noch sa lang to skoaijen oant der ien wie dy't him in stikje tsiis joech, dêr't lucht oan siet.
Mar dêr woed er net om freegje.
Hy die de kost op mei't de minsken him in pear sinten joegen, en nachts slepte er by de boeren yn 'e skuorre. Sa leefde er.
Doe wie der in âld minske, dy wie ek al hwat min op 'e gong, dy sei: "Ik ha hjir in hoekje nageltsiis, hiele lekkere, dêr sit lucht oan. De tsiis is koart en krommelet, sy kin net snien wurde. Dat matte jo mar ha."
Doe die se de tsiis yn in stik papier en sy joech it him.
En doe hâldde Leffert op fan skoaijen.
't Wie yn 'e simmer en 't wie waerm. Leffert reizge nei de sédyk. Hy hie in bolle hoed op en dêr slacht er mei de hân in tear yn. Dêr leit er it stikje tsiis yn; yn dy tear.
En doe joech er him del yn 't gers op 'e sédyk. Dêr lei er moai to slûmerjen.
Doe't er wekker woarde út dy slûmer, doe sieten der in partij miggen op dy tsiis, hwant dêr siet lucht oan, hè.
En doe seit er tsjin 'e miggen: "Ik ha 't opskoaid en jimme sille 't opfrette?"
Doe docht er in slach yn 'e miggen en doe telt er se nei en doe hied er sawn miggen deaslein. Sawn miggen.
Doe skreau er mei kryt op 'e bolle hoed:
Leffert mei syn lamme lea
slacht sawn yn ien slach dea.
Doe gong er op stap en sa kom er yn Feankleaster. Dêr ha je in bulte bosk.
Doe't er in stikhinne Feankleaster wie, komt him in mynhear yn 'e mjitte. Dy wie noch in eintsje fan him ôf, doe lêsde er op 'e bolhoed:
Leffert mei syn lamme lea
slacht sawn yn ien slach dea.
En doe't er oan him ta wie, seit mynhear tsjin him: "Bin jo sa'n man?"
"Sa'n man bin ik", seit Leffert.
Doe seit dy man tsjin him: "Yn 'e bosken, dêr is in reus. Dan doarre jo dy ek wol oan, tink."
"Jawol", seit Leffert.
"In eintsje tobek rint der in reed de bosk yn." Mynhear seit tsjin him: "Jo geane dizze reed mar yn."
Leffert giet in moai eintsje de reed yn. Dan sjocht er in simmerhúske. Dêr sieten twa doarren yn. As jy de doar iepen dienen sloech er fansels wer achter jin ticht.
Dêr sjocht de reus him en dêr komt er hurd oanrinnen. De reus kin folle hurder as hy, mar hy rekket noch krekt op tiid yn 't simmerhúske. Leffert glûpt der wer út, mar de reus koe der net út komme, dy hie gjin forstân fan 'e doarren.
Doe siet de reus yn 't simmerhokje opsluten.
Doe giet Leffert nei de mynhear ta en seit: "Ik ha de reus by de earen yn 't simmerhokje sleept."
"Nou," seit mynhear, "dan sil 'k it gewear krije en nei him ta." Doe kom er by 't simmerhúske. Ja, hear, 't kom út, dêr siet de reus yn. Doe sjitte mynhear de reus dea.
Doe seit mynhear tsjin Leffert: "Nou is der ek noch in reuzinne yn 'e bosk; dy kinne jo ek noch wol oan, tink."
"Jawol", seit Leffert.
Hy giet de bosk yn en sjocht om him hinne en dêr krijt de reuzinne him yn 'e gaten. Hja sil hurd op him tarinne.
Mar dêr wie in âld sleat en dêr siet in stobbe by, dy wie hielendal skean. En de reuzinne, mei't se sa hastich wie, stapt mei de foet yn 'e stobbe. Dy wipt achteroer en de reuzinne forsûpt yn 'e sleat.
Doe giet Leffert nei de mynhear ta en hy seit, sa en sa ha 'k it hawn en de reuzinne ha 'k forsûpt.
De mynhear seit: "Dan sil 'k it gewear helje." En doe kom er by de sleat, dêr't de reuzinne yn forsûpt wie.
Doe seit mynhear tsjin Leffert: "Ik ha hjir in moai hûs stean yn Feankleaster. Dat kinne jo fan my krije, om dêr yn to wenjen. En sa lang as jo leve krije jo wyks tsien goune pinsioen."
Doe gong Leffert dêr hinne to wenjen en hy hoefde noait wer in slach to dwaen.


Onderwerp

AT 1640 - The Brave Tailor    AT 1640 - The Brave Tailor   

ATU 1640 - The Brave Tailor.    ATU 1640 - The Brave Tailor.   

Beschrijving

Een man was erg sterk, maar ook lui. Hij deed eens een stuk gekregen kaas in zijn hoed en deed een dutje. Toen er een paar muggen op kwamen, sloeg hij ze in een klap dood. Op zijn hoed schreef hij toen 'zeven in een klap'. Een man zag dat en vroeg of hij dan ook niet de reus uit kon schakelen. De man rende een huisje in, zodat de reus hem net zag. Die rende hem achterna, maar kwam klem te zitten in het huisje. Hij zei de ander dat hij de reus aan zijn oren het huis had binnen gesleept. Deze schoot de reus dood, en vroeg of hij dan ook de reuzin kon pakken. Verder in het bos liet hij de reuzin zich klem lopen in een boomstronk die in het water stond. Daardoor verdronk de reuzin. Toen de andere man dat zag, bood hij de luie man een huis en een persioen aan.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 881a, verhaal 4

Commentaar

20 september 1971
The Brave Tailor

Naam Overig in Tekst

Leffert    Leffert   

Naam Locatie in Tekst

Feankleaster    Feankleaster   

Veenklooster    Veenklooster   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21