Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ088303

Een sage (mondeling), zondag 12 september 1971

Hoofdtekst

Der wie in man, dy hie in lintwjirm. Hy hie al by allerhande dokters west, mar net ien koe him der fan genêze. De man koe de hiele dei wol trochite, hy bleau meger. De lintwjirm rêdde mei 't iten. Doe gong dy man nei Knjillis Wytses ta.
"Kinne jo my helpe?" frege er.
"Ik sil 't bisykje", sei Knjillis Wytses. "Kinne jo moarn bitiid út bêd komme?"
"Jawol", sei de man.
"Moai. Dan matte jo nei in stik greidlân ta gean, dêr't in protte kij rinne. Dy sille dan noch wol lizze, as jo komme. As in kou oerein komt, docht er meast hwat. As dat gebeurd is matte jo jou broek sakje litte en oer dat waerme bultsje sitten gean. Dêr komt de lintwjirm op ôf. Jo matte dat yn 't nochteren dwaen, as de lintwjirm honger hat."
De man hat it dien en hy is him kwyt rekke.

Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Een wonderdokter gaf een man met een lintworm de raad om met zijn blote billen op een verse hoop van een koe te gaan zitten. Inderdaad kroop de lintworm er toen zelf uit.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 883, verhaal 3

Commentaar

12 september 1971
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Knjillis Wytses    Knjillis Wytses   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21