Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ088502

Een mop (mondeling), woensdag 15 september 1971

Hoofdtekst

Der wie in man, dy gong nei tsjerke ta. Fan tofoaren hied er op jacht west, doe hied er in einfûgel bútmakke. Dy stoppe er yn 'e binnenbûs en sa siet er yn 'e tsjerke.
Doe rôp de doomny: "Ik zie hem!" Dat paste by de preek, mar dat hie dy man net yn 'e gaten. Hy tocht dat er de einfûgel bidoelde. Dat hy knope de jas efkes tichter.
Even letter rôp dy doomny wer: "Ik zie hem!"
De man knope syn jas noch mear ticht, oan 'e hals ta.
Mar doe rôp dy doomny nochris: "Ik zie hem!"
Doe kom dy man oerein út 'e bank, hy knope syn jas los en sei: "Ast him dan dochs sjochste, dêr is er!" En hy smiet de einfûgel in ein de tsjerke yn.


Onderwerp

VDK 1833C* - "Ik zie hem!"    VDK 1833C* - "Ik zie hem!"   

Beschrijving

Een man had vlak voor de kerkdienst een eend gevangen. Hij hield het dier onder zijn jas verborgen, maar hoorde de dominee toch elke keer in de preek zeggen: "Ik zie hem." De man dacht dat de dominee de eend bedoelde en zei dat als hij hem toch zag, hij hem kon hebben, en hij gooide de eend naar de dominee.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 885, verhaal 2

Commentaar

15 septemer 1971
"Ik zie hem!"

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21