Hoofdtekst
De doomny wie ris in kear mei de tsjerkerie oan 't forgaderjen. Ien fan 'e mannen murk op dat de doomny mar in forhipt maklik baentsje hie. Ien kear preekje op snein en hy hie 't wyklean binnen.
"Ja," sei doomny, "mar sa'n preek liicht der net om."
"'t Soe my ek nochal hwat wêze," sei de oare, "dat koe ik ek noch wol."
"Nou, dan matte jo dat mar ris prebearje", sei doomny.
Sy praetten ôf, de sneins dêroan soe dy man de preek hâlde.
Mar doe't it sa fier wie fortroude de doomny it dochs net rjocht. Hy sei: "Wit jo hwat? Ik krûp ûnder yn 'e preekstoel, wylst jo it wurd dogge. Wurdt der dan hwat forkeard sein, dan forbetterje ik it wol. Dan prate jo my mar nei."
De man bigoun dy sneins to preekjen en doomny siet ûnderyn.
It gong mar skoan. Mar op in stuit sei doomny: "Je moet de benen wat van elkaar doen."
Doe rôp de man dy't preke de hiele tsjerke oer: "Je moet de benen wat van elkaar doen."
De doomny sei gau: "Dat moet je niet zeggen."
Mar de man naem ek d_ wurden oer en rôp it folk ta: "Dat moet je niet zeggen."
Doe flústere de doomny him ta: "'t Loopt allemaal in de gek." En de man rôp fuort dêr achteroan: "'t Loopt allemaal in de gek!"

Onderwerp
VDK 1832M** - Onbekwame preker zegt soufleur alles na   
Beschrijving
Een man daagde een dominee uit door te zeggen dat zijn baan niet veel voorstelde, waarop de dominee hem de keer erna liet preken. Voor de zekerheid verstopte de dominee zich echter onder de kansel. Maar toen hij commentaar gaf, sprak de man hem letterlijk na: "Je moet je benen wat uit elkaar doen... Dat moet je niet zeggen... 't Gaat helemaal fout."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 885, verhaal 3
Commentaar
15 septemer 1971
Onbekwame preker zegt soufleur alles na
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21