Hoofdtekst
Der wie in pastoar, dy praette my de húshâldster ôf, dat de earstfolgjende sneins as hy in tsjinst yn 'e tsjerke hie, soe hja werom prate matte as hy in gebet yn 'e tsjerke die.
Hja soe dat dwaen matte op 't plafond fan 'e tsjerke. Dan soe net ien har sjen kinne en elkenien soe tinke dat it ús leaven Hear wie, dy't antwurd joech.
Mar dat plafond wie net sa bêst mear. De faem wie dêr hinne gong en de pastoar bigong mei it gebet. Earst gong it goed. Der kom in kear of hwat oanien in antwurd op de gebedsrigels dy't de pastoar sei. Earst hearden de minsken it wurd fan 'e pastoar en dan it antwurd fan ús leaven Hear.
Mar doe op in stuit skeat de húshâldster mei de iene skonk troch 't plafond.
De pastoar woarde kjel, en doe't er dy skonk seach, sei er gau: "Iedereen die naar boven kijkt zal met stomheid geslagen worden."
Doe wie der ien jongkeardel yn 'e tsjerke, dy die syn iene eech ticht en sei: "Dêr weagje ik ien each oan." En hy seach nei omheech.

Onderwerp
AT 1837 - The Parson to Let a Dove Fly in the Church   
ATU 1837 - Holy Ghost in the Church   
Beschrijving
Een pastoor sprak met zijn meid af dat zij vanaf zolder antwoord zou geven op zijn gebed, alsof ze God was. Maar ze zakte per ongeluk met een been door de vloer. De pastoor zei snel dat iedereen die naar boven zou kijken, met stomheid geslagen zou worden. Een man deed een oog dicht en zei dat hij daar wel een oog aan wilde wagen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 886, verhaal 3
Commentaar
19 september 1971
The Parson to Let a Dove Fly in the Church
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21