Hoofdtekst
Der wie in plak, dêr spoeke it. Dêr woarde in soad oer praet en der wienen minsken, dy doarsten dêr jouns net lâns. De dûmny en de skoalmaster woarden der yn bihelle en de dûmny soe nei dat plak ta, sa woarde bisluten en it spoek oansprekke.
Mar doe't dat dan wêze soe hie dûmny krekt syn foet forknoffele. Mar meester dat wie in gewanten greaten keardel, dy soe dûmny bêst dêr hinne drage kinne op 'e skouders. Hwant de minsken woenen graech sa gau mooglik fan dat spoek ôfwêze, omt der net ien nachts op dat plak komme doarste.
De jouns helle master dûmny op en hy naem him op 'e rêch. Sa gongen se op stap.
Mar krekt op dyselde tiid wie in heit der mei syn greate jonge op út. Dy woenen hwat yn 'e panne ha. Yn it stik lân, dêr't it spoeke, dêr roannen in pear fette skiep. De heit ornearre, dêr moesten se mar ien fan stelle, dan hienen se hwat yn 'e panne.
De jonge sei: "Is dat net to gefaerlik?"
"Gefaerlik?", sei de heit, "kinst noait better plak útsykje. Dêr komt noait in mins. It spoeket dêr ommers. Net ien doart dêr hinne."
Sy praetten ôf, de jonge soe oppasse as der guon lâns kommen. Wylst soe de heit it skiep ophelje.
Dy jouns kom der ien oan mei hwat op 'e rêch.
Doe't de jonge dat seach tocht er net oars as it wie syn heit mei it skiep, mar it wie de master mei de dûmny op 'e rêch, dy't it spoek oansprekke soe.
De jonge koe net sjen dat it master wie, dat hy flústere: "Is er fet, heit? Is er fet, heit? Is er fet, heit?"
Master trille op syn skonken en krige 't sa krap, dat hy sei: "Fet of net, mar dêr leiste." En doe smiet er dûmny oer de groun en sette sok.

Onderwerp
AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   
ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.   
Beschrijving
De dominee zou naar een plek gaan waar het spookte. Omdat hij zijn voet verstuikt had, droeg de schoolmeester hem op zijn rug. Juist op die plek stond een jongen op de uitkijk voor zijn vader die een schaap aan het stelen was. Toen hij de meester met de dominee op zijn rug zag aankomen, dacht hij dat dat zijn vader met een schaap was en hij vroeg: "Is hij vet, vader?" De schoolmeester was zo bang dat hij de dominee op de grond liet liggen en er snel vandoor ging.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 888, verhaal 7
Commentaar
20 juli 1971
The Sexton Carries the Parson
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21