Hoofdtekst
De poatskippers fan Sumar woarden altyd de Potifars neamd. Dy wienen ûnbidige sterk. Se hieten van der Meer. Folkert wie de sterkste fan allegear.
Myn âlde buorman Douwe soe ris in kear nei Burgum ta to boadskipjen. Doe roan er mei ien fan 'e poatskippers op. 't Wie Folkert. Doe wienen se oan it plak ta yn Sumar, dêr't nou de thermochemyske fabryk stiet. Dêr stie in wein, dy wie by de rails lâns sketten. It wie dêr hol. De hynders koenen de wein der net wei krije. 't Wie in bargewein.
Twa man wienen der mei dwaende de wein oer de rails hinne to krijen, mar 't joech neat.
Doe't Douwe en Folkert der oan kommen sei Folkert: "Jimme sitte dêr ek raer, net? Matte wy helpe?"
"Och man," hienen se sein, "hjir is gjin minskehelp to brûken, der matte oare maetregels nom wurde."
Doe hie Folkert nei de achterein fan 'e wein tagong, nei 't plak dêr't it achterste tsjil oer de rail hinne rekke wie.
Hy sei: "Jimme matte de wein achter steune oan 'e oare kant, dan sil ik prebearje it achterste tsjil oer de rail to krijen. (Dat tsjil siet yn 'e weake groun.)
Hy sette syn rêch by it tsjil ûnder 'e wein en it tsjil rekke oer de rail hinne.
Doe sei er: "Nou nei foaren ta." Doe moesten se dêr de wein keare, oars kantele er. Dêr krige er 't tsjil - it foarste - ek oer de rails hinne en doe stie de bargewein wer op 'e hurde dyk. Doe koenen de hynders him wer lûke.
Folkert sei tsjin 'e beide mannen: "Nou kinne jimme jim gong wer gean."

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Een varkenswagen was eens in de rails terecht gekomen, en de paarden kregen de wagen er niet meer uit getrokken. Toen was er een hele sterke man, die heeft de wagen een zet je gegeven, en toen konden de paarden weer verder.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 892, verhaal 4
Commentaar
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Folkert van der Meer   
Potifar   
Douwe   
Naam Locatie in Tekst
Burgum   
Sumar   
Suameer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21