Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ089205

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Ielke Bouma woarde altyd neamd 'luije Ielke'. Dy wie ek o sa sterk.
Heit wie siedkoopman en sa kom Ielke hjir ris op in kear; hy woe raepsied ha. Hy siet by ús oan 'e thé.
Heit sei tsjin him: "Dû hast dyn master ek wol hawn, hè?"
"Ja, ik kin noch wol meidwaen", sei Ielke.
Hy wenne yn Sumar. Hy hie forkearing mei in fanke yn Garyp. Dêr gong er alle snein-to-jounen hinne.
Op in kear, doe soed er werom op hûs ta. 't Wie op 'e Gariper Lânsbuorren tusken Bôkke Algra en âlde Sjoerd Kuipers.
Doe stienen dêr in pear dronken mannen.
De Sumarre toer sloech krekt tolve.
De dronkene mannen kommen him tomjitte, sy woenen rúzje meitsje. Ien gong foar him stean en frege: "Wite jo hoe let it is?"
"Dat ha jo dochs wol heard, net?" sei Ielke, "de klok hat suver krekt tolve slein."
"Wite jo ek hoe let it is, godfordomme?" sei de oare noch ris wer.
Doe krige Ielke dy fint by syn kont en by syn nekke beet en sette him op 'e kop del.
Ik sei: "Wytst nou ek hoe let it is?"
Dit fortelde Ielke oan ús heit wylst er by ús oan 'e thé siet.


Beschrijving

Een man vroeg eens aan een hele sterke man hoe laat het was. Dit deed hij om te pesten, want de klok had juist 12 uur geslagen. Toen gooide de sterke man hem ondersteboven en zei: "Weet je nu hoe laat het is?"


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 892, verhaal 5

Naam Overig in Tekst

Ielke Bouma    Ielke Bouma   

Bôkke Algra    Bôkke Algra   

Sjoerd Kuipers    Sjoerd Kuipers   

Naam Locatie in Tekst

Sumar    Sumar   

Suameer    Suameer   

Garyp    Garyp   

Garijp    Garijp   

Gariper Lânsbuorren    Gariper Lânsbuorren   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21