Hoofdtekst
Luije Ielke wie arbeider by Joan Algra to Sumar.
Op in kear wied er oan 't mjoksjen yn 't bûthús. De stront fan 'e kij dy't yn 'e groppe lei kroade hy nei de skerne ta.
Doe woarde der roppen: "Komme jo om kofje, Ielke?"
"Ja," sei Ielke, "ik kom der oan."
Joan Algra hie in pear jonges, dat wienen bizen. Wylst Ielke yn 'e hûs siet to kofjedrinken laedden dy beide knapen de strontkroade gau fol mei bolstiennen en dêr dienen se dong bovenop. Sy wisten wol dat Ielke tige sterk wie, mar sy tochten dat er dit nèt forkroadzje koe.
Doe't Ielke wer yn 't achterhûs kom, seinen se: "Wy ha de kroade mar even folladen."
"Moai sa," sei Ielke, "jim binne brave jonges."
Hy mei de kroade nei de skerne ta. Dat gong skean omheech by de post op. Ielke die it as siet der neat yn 'e kroade. Mar doe't er boven op 'e skerne kom en de kroade leegje woe, brieken de beide kroadeearms.
Hy sei, de kroade koe 't net earlik hâlde.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Terwijl een arbeider aan het koffie drinken was, vulden een paar jongens zijn kruiwagen met stenen. Daarbovenop legden ze mest, zodat hij niets door zou hebben. Maar de arbeider was zo sterk, dat toen hij de kruiwagen verplaatste, hij het niet eens door had.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 892, verhaal 6
Commentaar
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Luije Ielke   
Joan Algra   
Naam Locatie in Tekst
Sumar   
Suameer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21