Hoofdtekst
Wy wennen op 'e Harste achter de herberch fan Teunissen.
Op in jountiid hie 'k de beide jonges op bêd en doe joech ik my sels ek del. Myn man Melle wie omfierrens. Doe't ik in skoftsje lein hie hearde ik dúdlik dat it hyltyd op in saegjen gong.
Letter op in nacht hearde ik dat nochris wer.
Dat fortelde ik fansels oan dizze en jinge. 't Soe wol foartsjirmerije wêze seinen se, der soe wol in nij hûs komme. Mar der woarde fierder ek net wer om tocht.
't Wie jierren letter, doe kom dat nije hûs dêr to stean.
Doe stienen ik en de buorlju by elkoar to praten. It gong dêr op in saegjen. Doe sei Jehannes, in soan fan 'e buorlju: "Wyt Antsje noch wol dat Antsje doe forteld hat fan dat saegjen?"
Ik sei: "Ja jonge, dat wyt ik noch skoan."

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een vrouw hoorde 's nachts wel eens gezaag. Jaren later is er een nieuw huis gebouwd.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 893, verhaal 1
Commentaar
Vorbedeutung anderer Ereignisse.
Naam Overig in Tekst
Teunissen   
Melle   
Antsje   
Jehannes   
Naam Locatie in Tekst
Harste   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21