Hoofdtekst
De blauwe stien fan Aldegea.
De Frânsen wienen yn ús lân. 't Wie oarloch. Sy wienen ûnderweis nei Aldegea ta. Sy woenen in oanfal op Aldegea dwaen. De boeren fan Aldegea hearden dêr fan. Doe brochten se gau har froulju en bern op 'e Hege Warren. Dat wie by de Headammen. Dêr wienen se feilich.
Doe gongen se hinne en makken in gat yn 'e wei, dy't fan 'e Hegewei nei Aldegea ta giet. En doe't dat gat greaternôch wie leinen se dêr boereeiden (= eggen) yn mei de tinen omheech. Dat wie 't earste fordedigingswurk.
En doe setten se noch kuorren mei bijen by dat gat.
Der stienen twa rigen beammen by de wei lâns. Inkele manlju klommen yn dy beammen. Sy hienen touwen beet, dy't oan 'e bijekuorren fêstmakke wienen.
Doe't de Frânsen oan dat gat ta wienen, lutsen dy manlju de bijekuorren oer de kop. Doe stoarmen de bijen op 'e Frânsen ôf. Sa gebeurde it, dat hja troch dy boereeiden en troch dy bijen der net troch komme koenen.
Doe ha de Frânsen út lulkens mei de sabels yn in grouwe blauwe stien om klapt. Hjoed-de-dei kin men dy stien noch sjen. Hy leit by 't brechje en de sabelhouwen ha allegear groeden yn dy stien neilitten.

Beschrijving
De mensen van Aldegea kwamen te weten dat de Fransen hun dorp wilden aanvallen. Ze maakten een grote kuil waarin ze eggen legden, met de vorken naar boven. Ook zetten ze bijenkorven neer. Deze verdedigingswerken maakten de Fransen zo kwaad, dat ze met hun sabels op een grote, blauwe steen inhakten. De groeven zijn nu nog te zien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 894, verhaal 16
Naam Overig in Tekst
Hege Warren   
Headammen   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21