Hoofdtekst
Der wie in séman, dy hie in papegaei.
Dy séman hie ek in wiif, mar hy mocht syn wiif net lije.
De papegaei hied er oan board yn syn hut yn in kouwe.
Jouns dan wienen se faek by elkoar. Dy papegaei, sa as papegaeijen dogge nom de wurden fan 'e séman oer.
Dan sei dy man yn himsels: "Dat duvelse wiif mat dea, godfordomme."
It duorre net lang of de papegaei sei it ek.
Op in kear kom dy séman thús fan in lange reis; hy nom de papegaei mei fan board.
Doe't syn forlof om wie gong er wer nei 't skip, mar doe forgeat er de papegaei. Dy bleau by syn frou oan wâl.
Alle jounen sei dy papegaei: "Dat duvelse wiif mat dea, godfordomme!"
De frou tocht: hoe mat ik hjir mei oan. Dit mat ophâlde. Hja woe net graech dat oaren it hearre soenen.
Doe gong se hinne en sy liet de doomny der by komme.
"Wite jo ek rie?" sei se.
Doomny sei: "It bêste sil wêze dat ik dy papegaei ris in skoftsje by my ha. Dan sil ik him dy wurden ôfleare, hwant sa kin 't net."
Dat gong oan, doomny nom de papegaei mei.
Doe learde doomny him sizzen: "En dat mijn bede worde verhoord."
Doe't er dat goed sizze koe krige de frou de papegaei wer thús. Mar doe't it joun woarde, sei de papegaei: "Dat duvelse wiif mat dea, godfordomme." En fuort dêr achteroan: "En dat mijn bede worde verhoord."

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
Een zeeman zat elke avond in zijn hut te schelden, dat zijn vrouw dood moest. Zijn papegaai nam die woorden over. Bij een volgende reis liet hij zijn papegaai aan wal achter, bij zijn vrouw. Die hoorde deze woorden elke avond, en haalde de dominee erbij. Deze leerde de papegaai toen zeggen: "En dat mijn bede worde verhoord." Dus toen de vrouw de papegaai weer terug kwam, zei hij elke avond: "Dat duivelse wijf moet dood, godverdomme. En dat mijn bede worde verhoord."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 896, verhaal 3
Commentaar
"Hitler is dood!"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21