Hoofdtekst
Albert is myn broer. 't Wie yn syn jonge jierren in raren-ien. Hy hie forkearing yn 'e Westerein en hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun hied er nei de faem ta west. Yn 'e nacht kom er werom. Hy wie al omtrint yn 'e Harkema. Op 'e Lytse Wei tusken Droegeham en Harkema woarde er in greate wite auto gewaer. Dy stie dêr op 'e wei. It like raer, sa midden yn 'e nacht. It like in spoek-auto. Albert woarde bang, hy doarst der net lâns.
Doe brochten de lju út dy auto him thús. It wienen gjin gewoane minsken 't wienen geesten; skynsels wienen it. Doe't Albert thús wie dienen se de doar foar him iepen. It swit stie Albert yn 'e skuon. Se dienen de doar ek wer ticht.
"Leave heit," rôp Albert, "kom der ôf!" Heit lei op bêd fansels en kom der ôf. Albert wie deabinaud.
Doe kloppen dy geesten hiel lûd op 'e glêzen. Albert doarst net út 'e hûs wei to gean, mar heit gong nei bûten ta fuortdaliks. Mar der wie neat to sjen.
Hwat hat dat west? Us mem sei tsjin Albert: "Dit is dyn straf. Dit is it wurk fan 'e kweade."
(Doe't Albert thúskom wie er mear dead as libben en like wyt as dizze panne).

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een jongeman zag op een nacht eens een witte auto midden op de weg staan. Er kwamen geesten uit, en deze spoken brachten hem thuis.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 917, verhaal 1
Commentaar
6 juni 1972
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Albert   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Harkema   
Lytse Wei   
Droegeham   
Drogeham   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21