Hoofdtekst
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten.
In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e fyts sitten. Mar doe wie se der wer. Doe woarde heit binaud, hwant sy sweefde. Sy is mei heit oan hûs ta gong. Doe sweefde it spoek fuort.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een man werd op een nacht achtervolgd door een witte, vrouwelijke gedaante. Zij zweefde naast zijn fiets tot aan zijn huis mee.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 917, verhaal 2
Commentaar
6 juni 1972
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Bulten   
Naam Locatie in Tekst
Lytse Wei   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21