Hoofdtekst
Ik wie in jonge, doe wenne ik yn Aldegea by Germ van der Ploeg. Dy hie buorkerij. Der wie doe noch gjin elektrysk, dat jouns wie alles dêr tsjuster. Yn 't bûthús hienen se in flearmûs-lantearne hingjen.
't Wie op in joun, alles wie birêdden. De arbeider wie al fuort. Ik wie noch mei Germ yn 't bûthús. Wy praetten noch even.
Ik soe in bakje mei sân helje, dat struide ik jouns altyd oer 'e mjilling, achter de kij. Wylst ik it bakje fol sân klaude, seach ik in stik fjûr, sa great as de moanne. It wie wyt en gleon.
't Wie yn 'e oarlochstiid. Ik woarde rare kjel fansels. It ljocht bleau stil oan 'e loft sitten. Doe sakke it ynienen del. Doe woarde it reader en reader en op 't lêst wie 't út.
Letter ha 'k nochris wer sa'n stik fjûr oan 'e loft sjoen. Doe roan ik troch de Sweachster bosken, midden yn 'e nacht. 't Wie hartstikke donker. 't Wienen dêr allegear beammen, dêr moest ik sa'n bytsje taestendewei by lâns.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een man zag in het donker eens een gloeiend stuk vuur.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 918, verhaal 3
Commentaar
1 september 1972
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Germ van der Ploeg   
Sweachster bosken   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21