Hoofdtekst
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy hie noch noait in auto sjoen, mar der wol oer praten heard. Op it paedtsje tusken de beammen bleau er stean. It ljocht woarde al mar greater mei't it tichterby kom. Alles om him hinne woarde forljochte. Mar it wie allinne mar in ljocht, der siet neat achter oan.
Hwat kin soks nou west ha?
Letter kommen dêr fansels de auto's lâns.
Hwat kin soks nou west ha?
Letter kommen dêr fansels de auto's lâns.
Onderwerp
SINSAG 0492 - Vorzeichen des Zuges   
Beschrijving
Een man zag op een nacht een groot licht voorbij komen, hij wist niet wat het was. Later zijn er daar auto's komen te rijden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 918, verhaal 2
Commentaar
1 september 1972
Vorzeichen des Zuges
Naam Overig in Tekst
Auke Siebenga   
Nyegeaster Pein   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Aldegeasterdyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
