Hoofdtekst
De boer dêr't ik by wenne yn Aldegea wenne hielendal yn it Westen, op 'e Arkepôlle. Hy hiet fan Japik. Syn 'fan' wol my nou net yn 't sin komme.
Op in moarn om trije ûre moest der in kou nei Ljouwert ta, nei de merk. 't Wie op in freed-to-moarn. De koopman dy't de kou ophelle hiet fan Auke. De kou moest by de boat ôflevere wurde.
De kou stie noch op 'e stâl en ik stie der achter op 'e mjilling. De kou siet mei in tou fêst, dêr sieten trije knopen yn. Auke prebearre dy knopen los to krijen, mar dy sieten sa fêst, dat woe net. De kou woe ek net meijaen.
"Helje in dikke kneppel út 'e takkebult!" sei Auke tsjin my, "dy kou mat omsizzen jaen."
Dy takkebult stie op 'e ein fan 't hiem, oan 'e reed ta. Hy siet oer in pear peallen oer de sleat. Ik moest it hiele hiem oer. 't Wie roettsjuster. Ik socht op 'e taest in kneppel út 'e bult. Ik koe neat sjen. Dy kneppel koe 'k der net út krije. Der siet om elk takkebosk in bân hinne en sa'n kneppel hie faek sydtokken dy't dêr achter heakken. Ik hie net in mes by my dat my helpe koe. Ik socht om in oare kneppel yn 'e bosk. Dy krige ik der út.
Auke raesde: "Hwer bliuwstû mei dy kneppel!"
Ik rôp werom: "Sy sitte sa fêst!"
Doe't ik de kneppel hie soe 'k dêrmei nei Auke ta. Doe kom dêr in frommes oanstappen, de reed del. Sy wie sniewyt. Ik stapte op 'e hekke ta om 't better to sjen. De kneppel hie 'k yn 'e hân. 't Minske stapte by my lâns.
Ik sei: "Goeije morgen."
Hja seit neat.
Ik tocht: Hea dy rint net. Dy sweeft.
Ik koe gjin fuotten sjen. Ik hearde ek gjin fuotstappen op 'e reed. Ik seach har nei doe't ik al ûnderweis wie nei 't bûthús ta. Ik seach har hyltyd noch. Hja biweechde har folle hurder as dat ik roan.
Ik sei tsjin Auke: "Gau sjen! Hjir komme. Hjir is hwat bysûnders!"
Auke kom.
"Sjoch," sei 'k, "dat frommes."
Auke seach neat, ik wòl.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Een man zag op een nacht een witte vrouw voorbij zweven. Zijn collega zag niets.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 918, verhaal 6
Commentaar
1 september 1972
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.
Naam Overig in Tekst
Japik   
Auke   
Naam Locatie in Tekst
Aldegea   
Arkepôlle   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21