Hoofdtekst
Ik wie soldaet yn Ynje en likernôch 32 à 33 jier. Dêr haw ik midden yn 'e nacht yn 'e rimboe Anek sjoen.
Anek is in froumins. De Javanen binne der deabinaud foar. Ik wie tusken allegear oare militairen yn, der wienen ek Javanen by. Wy hienen elkoar beet, hwant as we elkoar loslieten koe der samar ien ôfdwale yn 'e rimboe. Hwant de nachten binne dêr roettsjuster. Dy't ôfdwaelt fynt de oaren net wer.
Ik seach har hiel dúdlik. Hja hie lang hier, 't rikke har oan 'e knibbels ta. Hja stie steil rjochtop. Mar 't gong allegear sa fluch.
Hoe koe ik har stean sjen, frege ik my letter ôf. Yn sa'n tsjustere nacht. Doe't ik har seach sprong ik fuort ta.
Mar ik fielde neat. Krekt as wie 't in skime. Der wie neat. En dochs hie ik har like klear sjoen as dat ik nou myn frou hjir by de tafel sjoch.
Ik hie noch noait fan in Anek heard. Dêr hearde ik pas letter fan.
Doe't ik fortelde hwat ik sjoen hie naeiden der in stik of hwat Javanen ynienen út. Dy wienen stjerrend binaud doe't se hearden fan my dat ik dy frou dêr sjoen hie.
[yn 'e marzje hat A.A.J. skreaun: hiel geficheerd]

Onderwerp
SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
  
Beschrijving
Een man had als soldaat in de jungle van Java eens de verschijning van een vrouw gezien.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 918, verhaal 7
Commentaar
1 september 1972
Zie onder Beeld voor een tekening.
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.
Naam Overig in Tekst
Ynje   
Naam Locatie in Tekst
Indie   
Java   
Anek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21