Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092002

Een mop (mondeling), zondag 03 september 1972

Hoofdtekst

Moosi en Sjampi kommen op in kear thús, doe seagen se by de gevel op en doe sei Moosi tsjin Sjampi: "Mast ris sjen, sa smoarch is dat glês dêr op 'e souder." "Ja," sei Sjampi, "mar dêr kinne wy neat oan dwaen. Dêr kin noait ien by komme om 't skjin to meitsjen."
"Ik wyt wol rie", sei Moosi. "Wy nimme in planke, bringe dy nei de souder en stekke dy heal ta 't finster út. Ik bin swierder as dû. Ik gean op it ein fan 'e planke stean dat oer de souder leit en dû giest bûten op 'e planke stean en himmelst wylst it finster."
Dat like Sjampi bêst ta.
Sjampi wie al drok oan 't bjinnen en Moosi stie binnen op 'e planke, doe woarde der belle.
"Ik sil even sjen hwa't der is", sei Moosi. Moosi fan 'e planke ôf, en nei ûnderen ta. Doe't er de foardoar iepen die, stie Sjampi op 'e stûpe. Hy sei: "Bistû dêr?"


Beschrijving

Moosi en Sjampi wilden eens het zolderraam schoonmaken. Moosi ging binnen op een lange plank staan en Sjampi ging buiten op het andere uiteinde staan. Maar de bel ging, en Moosi ging kijken wie er was. Toen hij de deur open deed, stond Sjampi voor zijn neus.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 920, verhaal 2

Commentaar

3 september 1972

Naam Overig in Tekst

Sjampi    Sjampi   

Moos    Moos   

Sam    Sam   

Naam Locatie in Tekst

Moosi    Moosi   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21