Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092005

Een sage (mondeling), zondag 03 september 1972

Hoofdtekst

Yn Minnertsgea kom in nije doomny to wenjen. Al gau kommen de middenstanders op 'e pasterije tasetten om 'e gunst to freegjen. Earst de bakker. "Ik kom by jo yn tsjerke frou," sei er tsjin mefrou, "dat ik woe jo graech as klant ha."
"Nou, dat sil wol losrinne," sei mefrou, "komme jo mar oan."
Doe kom de slachter. Dy sei tsjin mefrou: "Ik haw in greate hûshâlding en ik stean der finansieel net sa bêst foar. Wy binne allegearre trouwe tsjerkegongers, dat ik woe minlike graech de gunst ha."
Dat gong ek oan.
Doe kom de grienteman by de doar. Dy frege ek om 'e gunst.
Mar doe sei mefrou: "Nou wyt ik it net; dêr mat ik earst mei myn man oer prate."
De oare deis kom de grienteman wer. "Hoe komt it?" frege er.
"'t Kin neat wurde, man", sei mefrou tsjin him. "Myn man syn broer is gernier, dêr krije wy alle griente fan, 'kersvers' en 'niet-duur'."
Doe bleau dy grienteman wei út tsjerke. Doomny fornom dat, en praette der oer mei de tsjerkerie. Der woarde bisluten der soenen mar twa fan 'e tsjerkerie nei de grienteman ta om to freegjen hoe't dat siet.
Doe't se dat dan dien hienen sei de grienteman: "Dat sit sje sa, hearen, doomny keapet syn grienten net fan my, hy krijt se earne oars wei, 'kersvers' en 'niet-duur', nou biharkje ik sneins de preken foar de radio, èk 'kersvers' en 'niet-duur'."



Beschrijving

Verschillende middenstanders kwamen bij de nieuwe dominee om een gunst vragen: zij zouden bij hem in de kerk komen, als hij bij hun zijn boodschappen zou doen. Dat zei de dominee toe, behalve bij de groenteman, want hij kreeg altijd al 'kerverse' en 'niet-dure' groente van een kennis. Toen de kerkeraad vervolgens aan de groenteman kwam vragen waarom hij niet meer in de kerk kwam, zei hij dat hij naar de preek op de radio luisterde: ook 'kersvers' en 'niet-duur'.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 920, verhaal 5

Commentaar

3 september 1972

Naam Locatie in Tekst

Minnertsgea    Minnertsgea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21