Hoofdtekst
Der wie in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint.
De lytsfeint gong der jouns altyd op út, mar de greatfeint bleau altiten thús. Net allinne jouns, mar ek sneons en sneins siet de greatfeint altyd mar by de boer en de frou yn 'e hûs.
Dat bigoun de boer to forfelen, hy woe ek wolris mei eigen folk wêze. Dêrom sei er in kear tsjin 'e greatfeint: "Hwerom giestû net ris nei de froulju, jong?"
De feint sei: "Ja, dat woe 'k wol, mar dan mat ik eins in lampke mei ha."
"Hwat fortelst my nou," sei de boer, "in lampke? Ik hie froeger ek net in lampke mei."
"Ja," sei de feint, "dat wol 'k wol leauwe, dat kinne jo noch wol sjen, dat jo ien by tsjuster útsocht ha."

Beschrijving
Een boer was het zat dat zijn knecht altijd maar thuis bleef en hij wilde hem naar de vrouwen sturen. De knecht zei dat hij dan een lampje mee wilde. De boer vond dat onzin, hij was ook altijd zonder licht gegaan. De knecht wilde best geloven dat de boer zijn vrouw in het donker had uitgezocht.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 923, verhaal 2
Commentaar
8 april 1972
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21