Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092702

Een sage (mondeling), dinsdag 12 september 1972

Hoofdtekst

Japik Ingberts wie ris in kear om in jounpraetsje by syn buorlju oan 'e Wedze to Twizel. Doe seach er dêr yn 'e keamer in horloazje oan in spiker hingjen, krekt ûnder in gleske. Hy hie 't eech dêr de hiele joun net ôf.
De boer en de frou, dy seagen dat en hâldden him yn 'e gaten. Doe't er fuort wie, seinen se: "Hast it wol sjoen? Hy komt hjir joun grif om dat horloazje."
Sy krigen gelyk. Dy jouns let hearre se hwat gestrún by 't hûs. Ien klimt by in leiderke op. It rútsje makket er stikken en dan komt de hân der troch.
Mar de boer stiet klear. Mei in toarnmeske docht er de dief in pear fegen oer de pols. Dy lûkt de hân gau werom, sûnder horloazje.
De oare moarns giet de boer nei Japik Ingberts ta om to sjen hoe't it liket.
"Hwat nou, jonge," sei er, "hast dy biseard?"
"Ja," sei Japik Ingberts, "ik hie justerjoun, doe't ik by jimme weikom, noch in lyts ûngelokje."


Beschrijving

Japik Ingberts was eens bij zijn buren op bezoek. Het viel op dat hij zijn ogen niet van een wandklokje kon houden. Toen hij die nacht het klokje wilde pakken, stond de buurman hem op te wachten. Hij sneed hem in zijn hand. De volgende dag zei hij dat hij zich op de terugweg had bezeerd.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 927, verhaal 2

Commentaar

12 september 1972

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Wedze    Wedze   

Naam Locatie in Tekst

Twizel    Twizel   

Twijzel    Twijzel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21