Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092703

Een sage (mondeling), dinsdag 12 september 1972

Hoofdtekst

Japik Ingberts gong de Nijstêd to Ljouwert del. Doe seach er dêr yn in winkel in bakker achter 'e toanbank stean.
Dy bakker hie in wyt festje oan mei in dik gouden ket der op, dêr't in gouden raep oan hong.
Doe tocht Japik Ingberts: "Jonge, dat mat ik ha."
Hy gong de bakkerswinkel yn en doe frege er de bakker om in greate lange wite fine bôlle.
Doe sei de bakker: "Hwerfoar matte jo dy ha?"
Japik Ingberts sei: "Ik mat him op 'e rêch ha." En doe bûgde er him oer de toanbank hinne. "Wolle jo him achter ta de jas yn triuwe?"
De bakker moest bot laitsje en bûgde him oer Japik Ingberts hinne om him de bôlle achter ta de jas yn to triuwen.
Wylst Japik Ingberts roungear stie nadere er gau 't horloazje en 't ket fan 'e bakker.
Doe't de bakker goed en wol yn 'e hûs siet seach er by him del. Doe fornaem er dat er bistellen wie.
Japik Ingberts woarde neamd: de Twizeler gaudief. Hy wie in bulte yn selskip fan Westereinders.



Beschrijving

Japik Ingberts vroeg een bakker het brood eens achter zijn rug in zijn tas te doen. Terwijl Japik zo gebukt stond, griste hij het kettinghorloge van de bakker weg.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 927, verhaal 3

Commentaar

12 september 1972

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Nijstêd    Nijstêd   

Nieuwstad    Nieuwstad   

Twizel    Twizel   

Twijzel    Twijzel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21