Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy hâldde op in snein-to-middei syn ôfskie-preek. Der wie in soad folk, de hiele tsjerke siet fol. Foaroan siet in âld minske mei in earizer op.
Dy wie al bitiid nei tsjerke ta set om in goed plak to krijen. De doomny hie tige syn bêst dien foar dizze preek en dy kom dan ek goed foar de hearen.
Mar wylst er preke fage it âld-wyfke altemets in trien wei. Dat woarde slimmeroan. Op 't lêst sieten har de eagen fol triennen en it boarst gong har op en del.
Doomny dy seach dat en hy tocht: "Soe hja dêr sa mei to krijen ha dat ik fuort gean? Ik mei moarn noch wol eefkes nei har ta."
De oare deis kom er by 't âld-wyfke.
Hy sei: "Jo wienen juster noch al hwat oandien. Is der miskien hwat dat jo dwars sit, en kin ik jo dêrby helpe."
't Ald-minske rekke wer hwat fan de wize, en sei:
"Ja, doomny... né, doomny..."
"Siz it mar", sei doomny.
"Ja, doomny..., né doomny..."
"Toemar", moedige doomny har oan.
Mar hja sei hyltyd mar: Ja, doomny - né doomny. Mear wurden koe se der net út krije.
"Is der hwat mei de gemeente?"
"Ja doomny, ús gemeente..."
"Nou, hwat dan?"
Doe kom 't wurd der út.
"Us gemeente hat nou yn in pear jier tiid al fjouwer kearen in oare doomny hawn en wy krigen ider kear in minderen-ien wer."

Onderwerp
AT 1834 - The Clergyman with the Fine Voice   
ATU 1834 - The Clergyman with the Fine Voice.   
Beschrijving
Tijdens de afscheidpreek van een dominee, zat een oud vrouwtje te huilen. De dominee vroeg haar de volgende dag wat er was en of hij haar misschien kon helpen. Toen zei ze dat ze zo had gehuild omdat er in een paar jaar nu al vier keer een nieuwe dominee was gekomen en dat er elke keer een minder goede kwam.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 929, verhaal 2
Commentaar
16 september 1972
The Clergyman with the Fine Voice
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21