Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092905

Een sage (mondeling), zaterdag 16 september 1972

Hoofdtekst

Sibbele en Tryn soenen har sulveren brulloft fiere. 't Soe in greate brulloft wurde. Tryn sei: "Myn kammeraetske Janke sil ek wol út Hollân delsetten komme."
"Dat tink ik net", sei Sibbele.
"Hwerom net?"
"Wel, jimme folk en hàr folk ha yndertiid al ris rúzje hawn om in knyn, dy't troch jimme houn biten woarde."
"Och heden," sei Tryn, "dat is al sa lang lyn, dêr prakkeseart Janke net mear oer."
Janke krige in útnoeging en Janke kom del.
Janke en Tryn hienen in hiel soad to bipraten togearre.
Allerhande âlde forhalen kommen los. Sy setten togearre even nei de tún ta, achterhûs.
"Hea," sei Janke, "hwat stiet dêr in aerdich beamke."
"Ja," sei Tryn, "en dêr sit ek noch in forhael oan fêst."
"Hoe dan?" frege Janke.
"Wel," sei Tryn, "Sibbele en ik ha ien kear rúzje hawn. Doe ha wy bisluten dat beamke dêr to poatsjen, hwant wy woenen gjin rúzje wèr ha. Sa faek as wy nei dat beamke seagen moesten wy dêr oan tinke. Wy hoefden der gjin beamkes méár by to poatsjen, hwant wy ha noait wer rúzje hawn."
Doe sei Janke: "Och heden, ik en Sjoerd ha sa faek rúzje hawn. As wy elke kear in beamke plante hienen, dan hienen wy nou al yn in bosk wenne."


Beschrijving

Een vrouw liet haar zus zien dat ze een boom hadden gepoot toen ze eens ruzie hadden gehad, met de belofte dat elke keer te doen. Maar sindsdien hadden ze nooit meer ruzie gehad. De zus zei dat als zij dat ook gedaan hadden, ze al een heel bos gehad hadden.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 929, verhaal 5

Commentaar

16 september 1972

Naam Overig in Tekst

Sibbele    Sibbele   

Tryn    Tryn   

Janke    Janke   

Hollân    Hollân   

Sjoerd    Sjoerd   

Naam Locatie in Tekst

Holland    Holland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21