Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093805

Een sage (mondeling), zaterdag 23 september 1972

Hoofdtekst

Der wie ris in boerke yn 'e stêd. Doe seach er dat se dêr mei in hiel great gebou oan 't bouwen wienen. It boerke wie nijsgjirrich en doe't der krekt in man oan kom, frege er: "Hwat foar in gebou wurdt dat?"
Mar dy man sei neat werom en roan fierder. It wie de architekt.
Even letter kom dyselde architekt werom. Doe frege it boerke nochris: "Hwat foar in gebou wurd dit?"
Mar hy krige dizze kear likemin biskie.
It boerke roan om it gebou hinne en biseach it oan 'e achterkant.
Tafallich kom de architekt dêr ek.
Ik wol noch ienkear in skoat dwaen, tocht it boerke.
"Hwat foar in gebou wurdt dit eins?"
Doe sei de architekt: "Dat wurdt in gekkehûs foar boeren."
"Dat tocht ik al hast," sei 't boerke, "hwant foar jimme soarte is 't gebou fiersto lyts."


Beschrijving

Een boer kreeg maar geen antwoord van een architect op de vraag wat voor gebouw het werd. Maar de derde keer antwoordde de architect dat het een gekkenhuis voor boeren werd. De boer antwoordde dat hij dat wel dacht, omdat het voor de soort mensen als de architect veel te klein was.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 938, verhaal 5

Commentaar

23 september 1972

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21