Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ093806

Een sage (mondeling), zaterdag 23 september 1972

Hoofdtekst

To Ljouwert hienen se in hiele greate saek, dy wie fan de firma van Swieten. Der wie fan alles to keap. Jy koenen it sa raer net bitinke of hja hienen it.
Dêrom hie de firma van Swieten bipaeld, as der ien wie dy't hwat keapje woe, en hja hienen it net yn foarrie, dan krige dyselde in gloednije radio kedo.
Doe kom dêr ris in kear in boerke yn dy saek.
Der kom in winkeljuffer by him.
"Hwat winskje jo, mynhear? frege se.
"Twa flessen moedermelk", sei it boerke.
De winkelfaem stie mei de mûle iepen. Dat hienen se net.
Mar sy gong nei de chef ta en sy sei: "Hoe matte wy hjir mei oan?"
De chef foun it in nuver gefal. Oant diz tiid ta wienen se noch noait in radiotastel forgees kwytrekke.
Hy gong nei 't boerke ta en frege: "Hwat woenen jo ha?"
"Twa flessen moedermelk", sei 't boerke.
"Dy ha wy net", sei de chef.
"Dan krij ik in nije radio", sei 't boerke fuort dêrop.
"Ja, ho-ho ris even," sei de chef, "dat is goed en wol, mar dêr sit noch hwat oan fêst. Der is dit bitinkst by:
Der mat in passend rymke by 't produkt dat jo freegje."
It boerke tocht even nei, en doe sei er dit:
"Hoe zou in deze grote zaak van Van Swieten
waar als bedienden staan twaalf jonge Grieten,
- dat is twaalf maal twaalf[twee] = vier en twintig titten -,
hoe zou daar geen twee flessen moedermelk in zitten?"


Beschrijving

In een winkel werd vrijwel alles verkocht. Daarom had men een actie: als iemand om iets vroeg dat ze niet hadden, dan zou diegene een radio krijgen. Toen kwam er een boer om twee flessen moedermelk vragen. De winkelier had dat natuurlijk niet, maar stelde als eis dat de boer er ook een rijmpje bij op zou zeggen. De boer zei toen: "Hoe zou in deze grote zaak van Van Swieten, waar als bedienden staan twaalf jonge grieten, - dat is twaalf maal twee = vierentwintig tieten - , hoe zou daar geen twee flessen moedermelk in zitten?"



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 938, verhaal 6

Commentaar

23 september 1972

Naam Overig in Tekst

van Swieten    van Swieten   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21