Hoofdtekst
Wy wennen by Surhústerfean op 't Ketting.
Ik hie in broer, dy wie sawn jier âld. Heit siet us in kear to roken út in hiel lange pipe. De jonge sei: "Lit my ek us smoke heit."
"Goed", sei heit, en doe liet er him in pear lûkjes dwaen.
Even letter woarde it bern sa mislik as in kat. Hy gong bûten op 'e groun lizzen en rôlle dêr om by in âld hage. Dêr rekke hy biklûme. Hy bigong ôfgryslik to smûgjen en wie skjin forlegen mei himsels. Doe nei dokter Keizer fan Surhústerfean. Dy sei: stome. Dat woarde dien mar de jonge wie forlegen, sa binaud hied er it. Hy koe 't yn 'e hûs net úthâlde. Dokter kom wer, mar hy sei: "Hjir kin ik neat oan dwaen."
Doe nei Piter Claus fan 'e Boelensloane. Dat wie in soart fan wûnderdokter.
Dy sei: "Jimme matte rûge bast fan 'e ikebeam sykje en dat mei in heal stik swartsjeshout (= pijpdrop) yn in thépot mei wetter trekke litte. En dêr de jonge mar fan drinke litte."
Dat ha se dien en de jonge wie samar wer better.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Nadat een jongen aan de pijp van zijn vader had gerookt, werd hij heel erg misselijk. De dokter kon hem niet helpen. Een wonderdokter gaf een recept om thee van te trekken. Toen de jongen dat had gedronken, ging het meteen beter met hem.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 940a, verhaal 1
Commentaar
29 september 1972
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Ketting   
Piter Claus   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean   
Surhuisterveen   
Boelensloane   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21