Hoofdtekst
Der wienen twa jonkjes, dy sieten togearre op 'e fyts. Doe seagen [se] dat der in hiele grouwe bult op 'e bân kom.
"Hwat soe dat wêze", sei de iene.
"Sil ik dy ris hwat sizze," sei de oare, "dizze fyts krijt jongen."
Doe leinen se de fyts yn 'e berm del. De sinne skynde nochal fel, dat ien die syn jaske út en lei dat oer de bân hinne. Sa sieten se dêr in skoft to wachtsjen op 'e jonge fytskes.
Doe kom dêr in oare jonge oan, dat wie ien fan har maten.
Hwat dogge jim dêr? frege dy jonge.
"Stil, stil," sei ien fan 'e beiden, "net sa lûd; dizze fyts krijt jongen."
De jonge seach even forbaesd, mar doe bigong er hiel lûd to laitsjen. "Ha-ha-" rôp er, "dat kin ommers net! Dizze fyts krijt gjin jongen. 't Is in hearefyts!"

Beschrijving
Twee jongens zagen eens een grote bult op de fietsband verschijnen. Ze legden de fiets neer in de overtuiging dat er jonge fietsjes geboren gingen worden. Toen er een andere jongen voorbij kwam, meende die dat de fiets geen kleintjes kon krijgen: het was een herenfiets.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 938, verhaal 8
Commentaar
23 september 1972
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21