Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094112

Een sage (mondeling), zaterdag 30 september 1972

Hoofdtekst

Biesterfeld wenne op 'e Dwarsfeart. Elkenien wie binaud foar him, hwant hy stie nergens foar. Hy hie ien formoarde en dêr hied er foar yn 'e gefangenis sitten.
Op in kear roan ús beppe de jouns let mei in man op.
Hja kom fan Olterterp en moest nei de Drachtster Dwarsfeart. Hja praetten oeral oer togearre en sa rekken se ek oer Biesterfeld los.
Beppe sei: "Sy sizze dat er wer los is. Ik bin deabinaud foar dy man. Nou moest men sa'n ien hjir ris treffe yn 'e nacht. Hy koe jin fuort wol kâld meitsje."
"Ja," sei de man, "sa'n stjonkert moesten se noait wer los litte." Al pratende kommen se op 't lêst op 'e Dwarsfeart. Doe't beppe toplak wie sei de man har goejoun. En hy sei derby: "Witte jo wol mei hwa't jo oproun binne?"
"Né", sei beppe.
"Jo binne mei Biesterfeld roun", wie 't antwurd.


Beschrijving

Biesterfeld had in de gevangenis gezeten omdat hij iemand vermoord had. Op een avond liep een vrouw in de buurt van zijn huis. Een man liep een tijd met haar op, en ze vertelde hem hoe bang ze was voor deze Biesterfeld. Toen hun wegen zich scheidden, verklapte de man dat ze met Biesterfeld had opgelopen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 941, verhaal 12

Commentaar

30 september 1972

Naam Locatie in Tekst

Biesterfeld    Biesterfeld   

Dwarsfeart    Dwarsfeart   

Dwarsvaart    Dwarsvaart   

Olterterp    Olterterp   

Drachtster Dwarsfeart    Drachtster Dwarsfeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21